Hedwig Terpstra

Jelle Krol oer syn promoasjeûndersyk

logo.ensafh

Hedwig Terpstra yn petear mei Jelle Krol (Drachten, 1957) oer syn ferlykjend ûndersyk nei foar minderheidstalen statusferheegjende strategyen yn it wurk fan Douwe Kalma (Boksum, 1896 – Ljouwert, 1953) en yn dat fan oare iere tweintichste-ieuske minderheidstaalskriuwers.

Jelle Krol

Jelle Krol. Fotostudio MGM, 2013

Jelle Krol hat Ingelsk en Frysk studearre yn Grins. Fan 1983 oant 1990 wie er redakteur fan Trotwaer. Hy resinsearre Frysk proaza foar de Ljouwerter krante en tegearre mei Popke van der Zee sette er Beowulf oer út it Aldingelsk yn it Frysk. Yn 1987 kaam er yn tsjinst by it FLMD en fersoarge er ferskate publikaasjes fan en oer skriuwer en dichter Douwe Kalma, ûnder oare de Samle fersen (1996).Lês fierder

Ferdinand de Jong

De Nova Scotia Staazje

logo.ensafh

Sneintemoarn. Der leit in dize oer de greiden, de earste kosters dogge de tsjerkedoarren wer iepen, it is healwei alven. Mei Joe Bonamassa syn Happier Times (de útfiering yn de Royal Albert Hall) op de eftergrûn, foar my it toetseboerd fan myn Acer, wat rekkens dy’t noch betelle wurde moatte. Boppeste is dy fan de Rendac, ien fan de lângeiten hat de winter net helle. Foar it oare skynt der hjoed in balskopwedstriid fan belang te wêzen. It sil wol.

Der is foar in skriuwer in nuveraardige perioade. Dat is de tiid tusken de korreksjerûnten en it ferskinen fan in nij wurk.… Lês fierder

Andries Miedema

Havendei

logo.ensafh

De havenstêd yn iere skimer
wurdt wekker yn it earste lûd,
beweging fan ’e hege floed
driuwt stomers nei de fierste kimen.

Troch de strjitten garje weinen
files foar it grut beweech
fan minsk’ en lading en de seinen
read op grien en jachtich heech.

Thúsreis fan ’e fiskersfloaten
de sinne yn ’t foar de fangst al wûn.
De takelkranen oer de boaten
stjoere ladingen nei ’t rûm.

De ûnstjoerstêd, ’t havenkertier
mei kroegen, wurkfolk, lichte roazen,
swiere jonges, fleur en tier,
gaos as yn Pandoara’s doaze.

De wylde dei, te koart en gysten,
mei net ferlieze want de nacht
oersjocht op strange siferlisten
gong en tiid fan tonnen fracht.… Lês fierder

Jelma Knol

Mear as sjamanistysk patchwork, oer ‘Herbarium’ fan Albertina Soepboer

logo.ensafh

 

Troch it dichtwurk fan Albertina Soepboer waait faak in stevige seewyn dy’t my as lêzer de noardlike lânskippen oan de kust foartsjoent. Neist har frisse, elemintêre taalgebrûk en sobere foarmerykdom binne it ek de ûnderwerpen dy’t my bekoare: de bernetiid, leafde, dea, de seizoenen, it yninoarranen yn guon fersen fan it no en it ferline, de ferwizings nei archetypyske symboalen, getallen en/of kleuren. De taal yn dizze bondel is sober en tiidleas. Wol blinkt de dichteres út yn it brûken fan âlde en nije wurden lykas ‘breake’ en ‘snietinner’.

It Herbarium dat se oanlein hat en dat yn 2014 by Frysk & Frij ferskynde, liket by earste lêzing net oars as it eardere wurk.… Lês fierder

Harmen Hospes

De man dy’t sjende blyn wie

logo.ensafh

Problemen mei famkes hie Lolke al op de basisskoalle. Doe koe er him net foarstelle dat se poepten. Wiene it ingeltsjes of duvels? By gebrek oan in frou hie er twa katten yn ’e hûs nommen. It binne leave bisten, dêr net fan, mar se meitsje it iten net foar him klear. De keamer himmelje se ek net en op syn bêd wol er se net ha. Der is mar ien frou dêr’t er mei omgiet en dat is syn mem.

Plakjeboartsje wie syn favorite spultsje doe’t er in skoaljonge wie. Net mei jonges fan syn jierren mar mei syn mem.Lês fierder

Jetze de Vries

In tin boek

logo.ensafh

 

Yn de side fan in tin boek fûn ik him, de goudbek
mei fêstplakte wjukken, krekt as de kat

tsjin my oer, wist ik nea fan syn flecht en lânskip
lûde túnman mei syn rop, krekt as de kat

dy’t my op ‘e skurte springt – it skaad fan de keamer
slút mear en mear as in blom tsjin it ljocht

slommerjend hûs, eachgatten, sykjend nei stikken
loft… Lês fierder

Willem Winters

Frits Klein

logo.ensafh

Frits Klein, reklametekener fan It Hearrenfean, is ien fan dy histoaryske dupearren fan de [foar]oardielen dy’t er wiene en noch binne oer de keunstner en syn mooglikheden om wat jild te meitsjen. Faak binne it de âlden dy’t neat sjogge yn de keunsten. Skilders en byldhouwers binne fier yn it neidiel by dichters en skriuwers, hja moatte in soad romte hawwe en farve en in ezel, hja kinne neat stikum dwaan. Fan in dichter geane nea sokke ferhalen, in kladblok en in potlead, de dichter kin oan ’t wurk, gjin bemuoisuchtige âlden. Faaks kin in oplieding yn de reklame noch krekt wol troch de bûgel.… Lês fierder