… Lês fierderPetrus Baardt: Fryske BoerepraktikaII. Fan de sinne.
Hear no ris wat de sinne bringt
wannear’t er oer de lannen blinkt
en wat de moanne mei syn ljocht
fan waar en wyn oan ús berjocht.
Moarns as de sinne tsjocht omheech
en it lân begluorket mei syn each,
sjoch dan ris oft der net in skâns
fan tsjustere wolken tsjok syn krâns
belegeret, grau of roastich brún
of swart of poarper om syn krún,
of dêrom hinne de kleur fan lead:
al dizze tekens binne kwead,
se skuorre faak de balken bleat,
en meitsje wetter yn ’e sleat;
men seit: in iere sinneskyn,
gelearde froulju, bern by wyn,
hâldt, hûsman, dit yn it each en lear,
dy trije doge nimmermear.
Hoekstra. Eric
Midfrysk Goud i. | 10. Petrus Baardt (1590- 1644)
… Lês fierderPetrus Baardt: Fryske BoerepraktikaII. Fan de sinne.
Hear no ris wat de sinne bringt
wannear’t er oer de lannen blinkt
en wat de moanne mei syn ljocht
fan waar en wyn oan ús berjocht.
Moarns as de sinne tsjocht omheech
en it lân begluorket mei syn each,
sjoch dan ris oft der net in skâns
fan tsjustere wolken tsjok syn krâns
belegeret, grau of roastich brún
of swart of poarper om syn krún,
of dêrom hinne de kleur fan lead:
al dizze tekens binne kwead,
se skuorre faak de balken bleat,
en meitsje wetter yn ’e sleat;
men seit: in iere sinneskyn,
gelearde froulju, bern by wyn,
hâldt, hûsman, dit yn it each en lear,
dy trije doge nimmermear.
Midfrysk Goud i | 2. Giacomo Vredeman: ûndogenske fersen op muzyk (4-6)
Nee seit se, as ik har freegje doar
Nee seit se as ik har freegje doar.
Kwânskwiis? Wat hat se dêrmei foar?
Al is it dat se har wart en docht,
hja mient, kom op en pak ris troch!
As ik dy sjoch
As ik dy sjoch mei it giel krolhier,
dan wurdt in dei my tûzen jier.
Sa graach woe ik witte, oft wier it wurd is:
dat de moannen binne allyk de sturt is.
… Lês fierderTe keamer gean
Te keamer gean is grutte nocht.
Mar it is noch better by ús Tsjomme
te sliepen as gjinien it sjocht,
soe der gjin seare kont fan komme.
Midfrysk Goud i | 2. Giacomo Vredeman: ûndogenske fersen op muzyk (4-6)
Nee seit se, as ik har freegje doar
Nee seit se as ik har freegje doar.
Kwânskwiis? Wat hat se dêrmei foar?
Al is it dat se har wart en docht,
hja mient, kom op en pak ris troch!
As ik dy sjoch
As ik dy sjoch mei it giel krolhier,
dan wurdt in dei my tûzen jier.
Sa graach woe ik witte, oft wier it wurd is:
dat de moannen binne allyk de sturt is.
… Lês fierderTe keamer gean
Te keamer gean is grutte nocht.
Mar it is noch better by ús Tsjomme
te sliepen as gjinien it sjocht,
soe der gjin seare kont fan komme.
Midfrysk Goud i | 1. Giacomo Vredeman: ûndogenske fersen op muzyk (1-3)
Ik ha dy leaf
Ik ha dy leaf mei al myn hert,
by dy is al myn nocht allinne.
Myn himelryk is yn dyn skert’
en troch dyn eagen skynt myn sinne.
Eartiids doe’t wy swilen
Eartiids doe’t wy swilen
lei ik mei ien yn it hea,
te boartsjen en te lyljen,
wy spilen pea om pea,
Hja woe sa graach as my.
Wy hiene fan nimmen aan.
Wêrom soene wy it net dwaan?
… Lês fierderSil ik dy ris …
Sil ik dy ris …
do witste wol …
Sis leaf,
wêrom wolst it net lije.
Ik bin ommers oeral sêft en bol,
it oare soe him ek wol flije.
Midfrysk Goud i | 1. Giacomo Vredeman: ûndogenske fersen op muzyk (1-3)
Ik ha dy leaf
Ik ha dy leaf mei al myn hert,
by dy is al myn nocht allinne.
Myn himelryk is yn dyn skert’
en troch dyn eagen skynt myn sinne.
Eartiids doe’t wy swilen
Eartiids doe’t wy swilen
lei ik mei ien yn it hea,
te boartsjen en te lyljen,
wy spilen pea om pea,
Hja woe sa graach as my.
Wy hiene fan nimmen aan.
Wêrom soene wy it net dwaan?
… Lês fierderSil ik dy ris …
Sil ik dy ris …
do witste wol …
Sis leaf,
wêrom wolst it net lije.
Ik bin ommers oeral sêft en bol,
it oare soe him ek wol flije.
Midfrysk Goud i. | 19. De Burmania sprekwurden
(ferfolch)
Hy wol altefolle fjild beslaan.
Honger is in skerp swurd.
Hy draacht wetter en fjoer yn ien hân.
Jin oars foardwaan kinne. Suver poëtysk, oarekant dit en dat.
Hoe ealer hout, hoe bûchsumer twiich.
Ferlykber mei de foarige. Pro-fleksibiliteit.
Folle ferjit dy’t net skriuwe kin.
Se driuwe de sinne om it hûs.
Se binne ferantwurdlik foar har eigen ûngelokkigens.
Se ha him op fûle aaien set.
Se ha him yn in minne sitewaasje set.
Ik begear gjin tsjokker spek (ik bejerje nin tsjokker spek).
Ik wit wol wêr’t de kloat gersket.
Gerak. Kloet (stôk om te bomen) hie al dúdlikernôch west.… Lês fierder