Lomme Schokker

Ciao Tsjêbbe

logo.ensafh

Ahhh, Bella Italia… Twa wiken lang in fakânsjehûs oan ’e Lago Maggiore op ’e súdlikste flanken fan ’e Alpen, mei by helder waar útsicht oant Milaan ta, mei yn it wykein net te tellen boatsjes, minuskúl wite fearkes op it wetter. Oan ’e oare kant fan ’e mar, de ‘earmoedige’ Lombardynske kant, rjocht foar ús oer in kantich kastiel op in skiereilân, dêr’t withoelang generaasjes Viscontis en Borromeos gearsieten om te kedizen oer wa fan ’e bern yn in willemoedske takomst mar ris paus wêze moast.
Yntsjes yn stee fan kikkerts, in skud fol swietrokich jasmyn, moarns ier en betiid lawaaiskoppende brommers, fjouwer felgiele scooters by de lytste fan ’e beide bakkers op it doarpsplein – dy mei de segrinige ferkeapster mar wol de lekkerste hompen bôle – in Lottowinkeltsje mei inkeld sneins de Bild Zeitung … En in doarpsbar, mei oan ’e muorren feale foto’s út it doarpslibben fan flak foar en fuort nei de oarloch en, ferdomd as it net wier wie, oan it plafond yn reiden kuorren de sa fertroude Chiantiflessen.… Lês fierder

Jemke Visser

Komt it ferstân mei de jierren …?

logo.ensafh

As je der yn maaie en juny op út geane, falt op dat mear pensjonearre senioaren dat yn ‘e oanrin nei de simmer dogge. Faak werkenber as grize steltsjes op e-bikes.
In inkeling trapet noch foar de folle hûnderd prosint sels. Mar sa njonkenlytsen is dat in útstjerrend ras. Je moatte je mooglikheden ek net oerskatte.
Ik ha lykwols net in e-bike. Net út koppigens, lykas Staring (1767-1840) syn ‘Hoofdige boer’ yn ‘Eéne Zutphensche vertelling’ mei de ferneamde oanhef ‘Elk weet, waar’t Almensch kerkje staat en kent de laan die derwaart gaat.’ Dêryn ferhipt Boer Stuggink it om oer it nije brechje nei tsjerke te gean.… Lês fierder

Janneke Spoelstra

By it útkommen fan de biografy fan Simke Kloosterman op 21-06-2023

logo.ensafh

Alderearst tank foar de útnûging, dat ik hjir op dit plak, op dit momint, myn fyzje jaan mei oer it wurk fan Simke Kloosterman.
Yn 2012 studearre ik ôf, yn Grins oan ’e RUG, mei de Master-skripsje ‘Simke Kloosterman, in problematyske heldinne? Har skriuwen, proaza en de resepsje fan har proaza besjoen út gender- en queerteoretysk perspektyf’.

Der waarden dy deis 4 bachelor- en 3 masterdiploma’s Fryske taal en kultuer útrikt!
Under de persoanen dy’t ik útnûge hie, wiene neist famylje ek twa bestjoersleden fan it Simke Kloosterman-lien. Troch de besites, dy’t myn stúdzjegenoate Ruurdtsje en ik oan it Simke Kloosterman-hûs brocht hiene, fielden dy ek hast as famylje oan.… Lês fierder

Jemke Visser

Fan kroan nei kroan

logo.ensafh

Sawat in moanne lyn wiene der rûnom bylden fan de nije King Charles III mei in kroan fan mear as twa kilo op syn al wat fersliten, âldere manneholle. In platte blauwite pet mei pompeblêden hie him faaks better stien, want dit wie gjin gesicht. Ek al om’t it om in serieuze saak gie dêr’t net by lake wurde mocht. As in lolbroek op in feestje sa kroand wurdt mei in nepkroan, is men slop fan laitsjen.
Minsken yn bepaalde funksjes geane fan âldsher somtiden mar frjemd klaaid. By de kroaning fan ús Willem hie Maxima wol in kroantsje op, mar hy sels net.… Lês fierder

Martsje de Jong

Ingelsktalige blomlêzing ‘Earthskin’ presintearre

logo.ensafh

Yn it kafee De Gouden Liuw yn Tresoar is freed 2 juny de Ingelsktalige blomlêzing Earthskin fan Elmar Kuiper presintearre. Dizze mânske bondel is útjûn by de grutte Yndiaaske útjouwer Copper Coin Publishing út New Dehli. De tachtich ferzen binne útkeazen út acht bondels en oerset troch David Colmer.
Tagelyk mei de presintaasje fan Earthskin waard ek in lytse útstalling iepene mei portretten fan Fryske skriuwers, yn ’e jierren santich makke troch Elmar syn heit, fotograaf Henk Kuiper (1943-2005).
It binne tige ynkringende portretten, dêr’t de eagen sa fan sprekke, dat jo betiden it idee hawwe rjocht yn ’e siel fan de skriuwer te sjen.… Lês fierder