Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i. | 19. De Burmania sprekwurden

logo.ensafh

(ferfolch)

Hy wol altefolle fjild beslaan.
Honger is in skerp swurd.
Hy draacht wetter en fjoer yn ien hân.

Jin oars foardwaan kinne. Suver poëtysk, oarekant dit en dat.

Hoe ealer hout, hoe bûchsumer twiich.
Ferlykber mei de foarige. Pro-fleksibiliteit.

Folle ferjit dy’t net skriuwe kin.
Se driuwe de sinne om it hûs.

Se binne ferantwurdlik foar har eigen ûngelokkigens.

Se ha him op fûle aaien set.
Se ha him yn in minne sitewaasje set.

Ik begear gjin tsjokker spek (ik bejerje nin tsjokker spek).
Ik wit wol wêr’t de kloat gersket.

Gerak. Kloet (stôk om te bomen) hie al dúdlikernôch west.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i. | 20. Fryske Boerealmanak 1676

logo.ensafh

(Foar it skrikkeljier ús Hearen 1676, praktisearre troch MP, leafhawwer der matematyske keunsten. Gedrukt te Leeuwarden by Schelte Jochems, vooraan in de grote Hoogstraat, bij de Brol.)

Yn dit almanakstik sieten wat obskuere passaazjes dy’t my it rjocht ta wat ferfraaiingen joegen. Want dit gedicht rimet of rimet net, al nei’t de skriuwer it delskreau. En mei dy ferfraaiingen doch ik miskien wer wat ôfbrek oan de it ûnbeholpen en nayf gerym. De skriuwer hat lijen om it gedicht yn dichtfoarm del te setten. Nettsjinsteande hat it gedicht, hoe ûnbeholpen ek, in beskate sjarme. Dat komt omdat it hannelet oer de ivige en liiflike realiteit fan it waar, dat elkenien oan it liif fiele kin, ek no noch, en de rûngong fan de seizoenen, dy’t wy moderne minsken ek noch belibje.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i. | 15. J.J. Starter

logo.ensafh
‘Dertel en ontuchtig’

Jan Janszoon Starter wie in wylde bruier dy’t yn 1621 in bestseller skoarde mei de sangbondel ‘Friese Lusthof’. Wy lêze dat no as in gedichtebondel mar de hiele santjinde ieu troch waard by gedichten de melody oanjûn dy’t der by hearde: wat wy no as gedichten sjogge, wiene dus eins lietsjes dy’t songen waarden. Fansels, der wie gjin tillevyzje. It sjongen wie in algemiene ferdivedaasje, sawol by it folk as yn hegere rûnten lykas by de rederikerskeamers, dêr’t in mjuks fan bohemien en hegerein oan keunst die. Starter rjochte te Ljouwert de rederikerskeamer ‘mocht het rijsen!’ op. (Sjoch oer Starter ek).… Lês fierder

Midfrysk Goud i | 9. Petrus Baardt (1590- 1644)

logo.ensafh
Fryske Boerepraktika

Seer vermakelijck ende niet min profijtelijck om lesen. 1640

I. Fan it waar

No sjochris, hûsman, nei myn pin´
en sis, is ´t dy wat nei it sin?
Ik hâld dy foar fan waar en wyn
fan rein en froast en sinneskyn,
fan dau, fan mist, fan ryp, fan heil,
fan noarderbuien yn dyn seil;
en hoe´t dyn jiergong wêze wol,
of meager, of de skuorren fol,
wannear as wiken oer ien boech
te fjilde moat dyn eide en ploech.
Smyt nimmer yn dyn eker it sie
of doch ´t mei goed oertochte rie;
it foarjier en de simmertiid
is somtiids net allike bliid.

Lês fierder