Geart Tigchelaar

Unwennich omdoarmjend yn it ferline

logo.ensafh

Besprek As gong dêr in oar fan Leo Popma

De nijste roman fan Leo Popma is in ‘geheimsinnige roman oer ferfrjemde en ûnwennige minsken ûnderinoar’ sa lit de efterflap witte. Dy sin is treffend, seit alles oer it boek. Spitich is it dat it omkaft sels net treffender is, want dat is planút ûnsjoch. It boek hie in moaiere ferpakking fertsjinne.

Foaryn it boek stiet in sitaat oer it feit dat Ingelsk net mear in adekwaat medium is foar de wierheid fan Súd-Afrika (‘…Like a dinosaur expiring and settling in the mud, the language has stiffened…’) fan de Súd-Afrikaanske skriuwer J.M.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Hast sechtsjinjierrige achtbaanrit

logo.ensafh

Besprek Femke Faalt fan Ate Grypstra

Ate Grypstra (1973) nimt de lêzer mei Femke Faalt (syn alfde boek al!) mei op in wiere achtbaanrit dy’t hieltiten trochdinderet en almar spannende en mâle draaiïngs makket.
Heftich! En oan dat debút (Hftch, 2008) docht my dit boek sa út en troch tinken. Mei oare wurden in flot, by-de-tiidsk en spannend e-boek. De skriuwer hat blykber in fassinaasje foar it morbide en grouwélige, want dy eleminten sitte njonken It Beest fan de Westereen (2011) – dêr’t boppedat yn Femke Faalt op in aardige wize nei ferwiisd wurdt – en Grutte Pier – Krús fan de Hollanner (2012) ek yn Femke Faalt befrissele.… Lês fierder

Lucas Hirsch, Geart Tigchelaar

yn leechte / in leegte

logo.ensafh

 

yn leechte

sa goar by de dyk del stien
hat net ien sa skril it bare lân
by wangen del sliten field

wynkrêft tsien
der hearde neat
te kraaien te kommunisearjen

de fûgels op ’e line
binne de fûgels yn dyn kop

jim heit út ’e bek stapt
seit se noch foardat de fraach

ferpolvert yn de hân
nei foarren stoot

*

in leegte

zo guur langs de weg gestaan
heeft niemand zo schel het barre land
langs wangen voelen slijten

windkracht tien
er hoorde niets
te kraaien te communiceren

de vogels op de lijn
zijn de vogels in je kop

sprekend je vader
zegt ze nog voordat de vraag

verpoedert in de hand
naar voren stuift… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Tragyske skientme yn ’e parallelly

logo.ensafh


Besprek Frou mei mandoline op sofa fan Josse de Haan

It libben wurdt tekene troch djipte- en hichtepunten. It iene kin allinnich mar bestean yn it ljocht fan it oare. Josse de Haan hat dat skerp foar eagen hân by it skriuwen fan Frou mei mandoline op sofa en dy tsjinstellings en parallellen op in masterlike wize ferwurke yn syn nijste boek.

Froulju

Op ’e foarkant pronket in fariaasje fan it skilderij Frau mit Mandoline fan Max Beckmann. Froulju spylje in hiele wichtige rol yn it boek. Hja binne folle mear as it geslacht dêr’t de haadpersoan op falt en dêr’t er graach mei frijt, al spilet eroatyk in foarname rol.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Nei de klappen

logo.ensafh

Ik folgje it mei rust oanfretten stik stiel dat mei in swaai weiwurdt yn Heiko’s plasse. De Dútske jonge falt as in plumpudding yninoar. As yn in goedkeape B-film pjutsket it bloed oer de grûn. De droege ierde is bliid mei hokfoar focht dan ek en sûget begearich it waarme read op.
‘Mear dy’t goddomme praatsjes hawwe?’ James praat altiten mei konsumpsje, benammen as er it smoar yn hat.
Wy passe wol op om James noch lilker te meitsjen. Wy binne noch mar mei in pear lju, dat hoecht net nóch mear úttinne te wurden.
Boppedat hawwe wy James demokratysk útroppen ta ús despoat, al tochten wy doe fan lieder.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

First world problems

logo.ensafh

Jasses noch oan ta, wie ’k noch mar by dat âld wiif. Se rôp betiden sa skel as in kromme seage, mar sa bêst as wat en ik wie alle dagen sêd. Dat krij ik hjirre gelokkich ek, mar ik wurd dochs wol sa gek fan dat ivige tripkjen.

Dy rottige kat hat dêr hielendal gjin lêst fan, ik bin wier jaloersk op har, al sil ik dat fansels noait net tajaan. Dan docht dat eigenwize stik potiten allinnich mar mear it kin omheech. Dy mient al dat sy superieur oan my is. Allinnich mar om’t ik alle dagen moai in ein te kuierjen mei, ik achter de bal oan mei en as ik de postboade yn ’e bokse byt in brokje as twa krij.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Dûbeld skeind

logo.ensafh

Besprek Skeind ferline fan Douwe de Graaf

Douwe de Graaf (*1941) hat mei Skeind ferline syn romandebút levere. Hy hat earder fjouwer non-fiksje boeken oer de skiednis fan Drachten en omkriten skreaun.

De titel fan it boek kin in soad ynhâlde. Krekt troch syn suver wat klisjeemjittigens en algemienens sprekt it net oan. Dêr komt noch by dat it omkaft fan it boek net botte spannend oandocht. Op de foarkant in nêst ljipaaien mei oan de efterkant in strjitte dy’t grif it wenplak foarstelle moat dêr’t Romke, de haadpersoan, opgroeide mei syn mem. De kaaipassaazje út it ferhaal is lykwols ôfprinte op ’e efterkant en dat ûnthjit wól it ien en oar.… Lês fierder