Zhang Ji, Piter Boersma

fersuchting om in hierspjelde

logo.ensafh

de spjelde wie fergrize wer foar it ljocht kommen
út ’e djippe modder wei doe’t se in put rommen
âldmoadrich is it kronkeljende fenikspear
nee as hollefersiering wol gjinien him mear

famkes seagen om bar fan wa soe er west ha
woenen him wer glimme litte dat se poetsten ta
hy rûkte net mear nei lekker guod foar it hier
de ynskripsje fermelde gjin moanne of jier

rêden mar yn in doaske stoppen se him wei
ferlern en net brûkt krekt sa’t er yn ’e grûn lei

Oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L.Lês fierder

Piter Boersma

In Memoriam Binne Lútsen Boarnstra

logo.ensafh

‘En út de tijen / fan har fruchtbere grûn / bin’ wy ta minske berne / en hinnetein’

Op 9 septimber 2011 is yn de âldens fan 65 jier de dichter Binne Lútsen Boarnstra ferstoarn. Al jierren, en de lêste jierren benammen, manifestearre er him hieltyd mear as eigensinnich amateurhistoarikus. Hy hat noch krekt meimakke dat april dit jier by útjouwerij Penn it troch him yn ’e mande mei Klaas Jansma en Dirk Huizinga gearstalde boek Staveren hoofdstad van de Friese kusten ferskynde. Yn it boek skriuwt er û.o. oer ‘Sint Odulfus en het zeerecht’.

Binne Lútsen Boarnstra is de dichter fan in hiel lyts, mar bysûnder oeuvre.… Lês fierder

Bai Juyi, Piter Boersma

op ’e boat de gedichten fan Yuan Zhen lêzend

logo.ensafh

jo gedichten hie ik lêzen by lampeljocht
de oalje wie op foar’t it om ’e dage socht
mei stekkende eagen siet ik yn it tsjuster
de weagen beharkjend alhielendal bjuster

oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sinese orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Bai Juyi libbe fan 772-846)Lês fierder