Anne Feddema

Katalaanske Skjirreslyp

logo.ensafh

 

 

 

Woansdeis klinkt
Yn lytse plakjes
Iensume Panfluittoan
Fan Katalaanske Skjirreslyp

Alle kearen
As hy by ús
Yn it doarp kaam
Sei it wyfke
Gong der ien dea
Myn man hâlde sels
De messen skerp
Mar dy is der
No net mear
Samar fuort
Koroana
De woansdeis 
Bin ik no
By myn suster
Yn Barcelona… Lês fierder

Henk Nijp

Marathon

logo.ensafh

Hurddraafster Sifan Hassan rûn op 23 april har earste maraton, yn Londen, en die dat op magistrale wize. Jo ha der grif ien en oar fan meikrigen. Oer hoe min oft har tarieding op dizze wedstriid west hie, oer de ramadan dêr’t se as moslima mei te krijen hie. Oer de kramp, oer it strekken fan ’e skonken, de krekt-net-botsing mei in folchmotor en de kaprioalen by de drinkpost. Oer hoe ûnwis oft se wie oer de loop, want ja, mear as 42 kilometer, hoe sil dat yn ’e goedichheid útpakke ast soks noch net earder dien hast? En fansels oer dy fenomenale spurt by de einstreek.… Lês fierder

Martsje de Jong

Fergetten lân

logo.ensafh

Foar my binne de nammen fan bou- en greidelân ferbûn mei dêr’t ik weikom: Penjum. Stikken mei nammen as Bargekop, Bile, Hynstekop krigen dy namme fanwegen harren foarm, mar binne troch ruilverkaveling al lang harren nuveraardich model kwyt. Oare stikken krigen de namme fan de brûker (Beppes tún, Pietsje trije), fan spûkferskiningen (Swevelstokken), of waarden neamd nei de haadpersoan út in leginde (Okke Hel). De Duvels Heale wie in eintsje grientetún oan ’e foet fan ’e terp. Wie it in mislik stikje grûn? Hie de pastoar dêr, of letter de dûmny, dy’t der ynearsten dêr it sicht op hie, it swurk dêr driuwen sjoen, of wie de brûker fan it heal pûnsmiet in fûleindige flokker?… Lês fierder

Lomme Schokker

Bestindigjen fan fergonklikheid

logo.ensafh

In jier of acht lyn hong der begjin maaie by ús yn Hillegom oan it fiifde hûs om ’e hoeke ynienen in Fryske flagge. Wêrom eins wolle minsken fier om utens en plein public te keap rinne mei it feit dat se Frysk binne? Grutskens kin it net wêze, want je kinne allinnich grutsk wêze op in prestaasje, net op wa’t je tafallich binne. Ik koe mar ien falide reden betinke en dat is dat se stomme graach ris mei in oare Fries yn ’e kunde komme woene. De Fryske flagge as needsinjaal. Hiemsiik? Unwennigens? Taalferlet?

Net folle letter seach ik op in jûn dêr in jongkeardel yn ’e tún syn klimophaachje knippen, mei sa’n hânhaachskjirre.… Lês fierder

Anne Feddema

Bylden oan see

logo.ensafh

Moarns betiid op it stasjontsje fan it plak Pineda de Mar, dêr’t de trein nei Barcelona hohâldt. Nammers ek de trein nei Figueres en Girona, mar dat is de oare kant op en dêr hoech ik no net hinne. Ik sil wer ris nei de ‘La ciutat dels prodigis’, om it mar ris yn it Katalaansk te sizzen. De wûnderstêd.
Faaks hat ien fan jimme it boek (Nederlânske oersetting ‘De stad der wonderen’) fan Eduardo Mendoza wolris lêzen – it wie ein jierren tachtich in wiere literêre sensaasje – en oars soe ik der hoe dan ek nochris oan begjinne, want it is de muoite mear as wurdich.… Lês fierder