Fan Josse de Haan is in Nederlânsktalich bondeltsje útkommen mei de titel Rode bus in magisch landschap. It mei twa nytsjes op ’e rêch ienfâldich útjûne boekje stiet in syklus fan tolve titelleaze gedichten yn oer de fassinaasje fan de dichter foar it yn syn jeugd noch besteande fenomeen fan buskonduktrise (yn dit gefal op de ferneamde reade LAB-bussen) of leaver sein in spesifyk eksimplaar dêrfan, konduktrise Anna: ‘de conductrice in het krapgegoten costuum / lacht mijn ogen en gedachten bloot / de machine in haar buik draait ticket H.0133’ (s. 3) en ‘als ANNA thuis kwam in haar huidgegoten BUSdress / een CAMEL tussen de busrood gestifte lippen / ….… Lês fierder
Boersma. Piter
dialooch yn ’e bergen
wurd ik frege wêrom’t ik yn ’e bergen delstrutsen bin
ik glimkje en antwurdzje net – myn hert hat it hjir nei ’t sin
pjiskeblossems driuwe op it streamende wetter hinne
dit is net de minskewrâld mar dy fan in oare sinne
oersetting/bewurking: Piter Boersma
(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L. Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Li Bai libbe fan 701-762.)… Lês fierder
nei it sjen fan in praatprogramma
nee it is net it lot fan de minsken dat ús wat bomt
slim yn noed sitte wy oer hoe’t it mei de hannel komt
wy moatte wol achter de opposysje oanrinne
nee wy sizze net dat wy opportunisten binne… Lês fierder
by it lêzen fan in fraachpetear II
it is it eigen ego seit de pommadearre kwal
net mear om de lunsj it giet no om ferantwurdlikheid
dy baan fan him wurdt swier ûnderbetelle fynt de bal
it lijen fan tasichthâlders is harren ôfhinklikheid … Lês fierder
by it lêzen fan it nijs
se ha har wurk net goed dien mar krije wol tonnen mei
it is in swiere ferantwurdlikheid dy’t sokken ha
it is fêstlein it binne rjochten ôfspraken komt men nei
jins ferantwurdlikheid net nimme wat docht it der ta… Lês fierder
by it hearren nei de minsken
de tonge kin yn alle bochten docht net oars hy draait
de blaai is in slang dy’t him om de wierheid hinne wynt
as fansels sit op ’e troan it liichbist om’t dat meigrynt
troch de moaiprater wurdt de hoanne omlein foar’t er kraait… Lês fierder
by it sjen fan televyzjebylden
roppen ta it amt laket kweajonge de tosken bleat
ferdjerlik lân dat net oerdutsen is mei skamteread
de eufory fan de macht it swiet fan de oerwinning
de karakterswakte fan in folk sûnder besinning… Lês fierder