Duo von Däniken

Taspraak Kommissaris fan de Kening Arno Brok n.o.f. it Corona-firus

logo.ensafh

Op 27-02-2020 hat Kommissaris fan de Kening Arno Brok in taspraak opnommen yn de studio fan Omrop Fryslân, nei oanlieding fan de Corona-krisis. Dizze wichtige taspraak kinne jo hjirûnder belústerje.

https://soundcloud.com/duo-von-daniken/taspraak-kommisaris-fan-de-kening-arno-brok-nof-it-corona-firus… Lês fierder

Anne Feddema

Fermento

logo.ensafh

Okkerdeis siet ik wer ris yn ’e bus, minsken dy’t wolris eat fan my lêze, tinke miskien dat ik in fêst sitplak foar it libben yn in FlixBus haw, mar sa is it net, hear.
Ik siet no yn in gewoane Q-liner, in bus fan Arriva.
Ik wie op wei nei Alkmaar om in tentoanstelling te besjen yn it Museum Alkmaar, dêr’t behoarlik wat keunst te sjen is fan ’e sabeare Bergense School.
Keunst fan begjin tweintichste iuw, in krusing tusken Frânsk kubisme en Dútsk ekspresjonisme. In pear jier ferlyn wie der yn Alkmaar in ekspo te sjen oer de tiid dy’t Picasso yn 1905 yn Skoorl en omkriten trochbrocht hie en it wurk dêr en letter, op basis fan sketsen yn Parys makke.… Lês fierder

Anne Feddema

Yn ’t ferfal

logo.ensafh

Alles is slimmer fansels. Och heden, jo kinne genôch betinke. Tsunami’s, brân yn ’e Notre Dame, oarloch, komselden ‘likes’ op Facebook.
Ik woe it oars hjoed efkes hawwe oer ferfal dat foar de measte oare minsken bûten it sicht bliuwt. Utsein toskedokters en mûlehygiënisten. Of je moatte sjonger wêze yn in band en in hiel min gebyt fan ’e speed hawwe of soks. Dit giet oer myn tosken en kiezzen, ja, en ék oer dy fan jimme. Want lêzers: ik bin jimme en jimme binne my, no ja, yn myn kollums alteast.
Tusken kryst en nijjier, fan dy letargyske dagen, net om troch te kommen.… Lês fierder