Geart Tigchelaar

De neitins fan in ‘Fries dichter’

logo.ensafh

Earje wy histoaryske figueren út in soarte fan plichtsbesef wei of om’t wy wier trochkrongen binne fan harren fertsjinste dat no noch trochwurket? Is it nedich lju te betinken dy’t it ien en oar dien hawwe foar in beskate saak? Is sa’n monumint yn ’e skiednis allinnich mar bekend by minsken dy’t harren dêr mei dwaande hâlde of wurdt it breed droegen? Op dy fragen sil yngien wurde yn ûndersteand stikje.
Ik wol it nammentlik wolris hawwe oer de bekendheid fan ’e nommele hear Sytstra yn it algemien, dus by de minsken fan hjoed-de-dei. Dêrfoar bin ik ris neigien hoefolle strjitten eins syn namme drage.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Froulju mei in ferline

logo.ensafh

Besprek Aggie van der Meer In moaie dei yn ’e hjerst / Wa rêdt Cesilia Tan

Aggie van der Meer (1927) hat by Elikser en Frysk en Frij twa novellen fan har yn ien bân útjûn. It binne op it earste each twa folslein ferskillende ferhalen, sa’t ek Doeke Sijens skriuwt yn ’e LC. Lykwols sinjalearret Jelle van der Meulen dochs oerienkomsten. Yn beide is de haadpersoan in frou en einiget it net posityf. Se binne tekene troch it libben en wat oaren foar ynfloed op harren hân hawwe. Mar de grutste oerienkomst is de typyske styl fan Van der Meer dêr’t de ferhalen yn optekene binne.
Lês fierder
Geart Tigchelaar

Ien doarp, ien fûgeltsje, in soad ferhalen

logo.ensafh

De Kollumersweachster skoalmaster Koos Tiemersma hat in nij e-boek skreaun ûnder it pseudonym Froon Akker. Einum is sawol yn it Frysk as it Nederlânsk te krijen.
It boek spilet him ôf yn it lytse plakje Einum dat net folle mear is as in gehucht mei lju dy’t stik foar stik harren eigen ferhaal hawwe. Yn elk haadstik wurdt ien fan de ynwenners beljochte mei harren wjerfarren en benammen gedachtegongen, of better sein gedachtekronkels. Elk hat syn eigen aparte ferhaal, mar likegoed hingje de yndividuen oaninoar. Sa wurdt oer Casper Bosch skreaun dat er fêstrûn is yn Einum (s. 55) mar dat jildt eins foar elk, al hat de ien der mear muoite mei as de oar.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Moaie bak

logo.ensafh

Besprek Bak fan Sietse de Vries

De hollen fan de minsken rûzje noch nei fan alle ferkiezings wannear’t yn it begjin fan Bak, kadoboek skreaun troch Sietse de Vries, in jonge VVD’er fermoarde wurdt. Samson en Rutte hawwe krekt praat oer harren oparbeidzjen wannear’t De Vries meardere politisy opfierd yn syn boek. De haadpersoan, Sjerp Bak, kriget sels in relaasje mei in CDA’er, Geke Jensma.
Sjerp Bak is in wat sleauwe fyftiger dy’t al mear as tweintich jier op de stedsredaksje wurket en suver ien wurden is mei it meubilêr. Dat makket him ta in soarte fan ikoan, mar wurdt him lykwols ek wolris ferwiten troch dizze of jinge.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd 72

logo.ensafh

De hite simmer

It waar wol mar net waarmer wurde, wy hawwe sels in kear de kachel oan hân. It wie fierstente mâl, mar wienen ek net fan doel om te ferklomjen. Dan de kachel mar oan.
As it waar dan net meihelpe wol, moatte wy ús mar waarmje oan ’e soele klanken fan ’e poëzij en proaza. De tablet mei yn ’e bus mei de hannen dy’t plakke op switterige leuningen, sa’t Jetze de Vries dichtet.
Drank kin de dichtieren iepenje, it binnenste in gloede jaan dêr’t men de hiele nacht profyt fan hat, mar ek de kontakten fersoepelje. Fan dat lêste dogge Hedwig Terpstra en Pier Boorsma ferslach.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd 71

logo.ensafh

Op it bloch fan de Rink van der Velde-priiswinder stelt de auteur út om mei Omrop Fryslân op te arbeidzjen om Fryske literatuer (wer) oan ’e man te bringen. Dat is in moai idee dêr’t er foaral fierder mei dwaande moat. Dêr’t it my lykwols om giet, is syn opmerking oer ‘De útwedstriid’, in soarte fan fúljeton dy’t er op syn bloch setten hat: ‘De útwedstriid is in hobby-projekt dêr’t ik finansjeel net wizer fan wurde sil.’
De achterflap fan syn nije boek seit dat er de nije Fryske folksskriuwer is. En Rink van der Velde wie yn syn tiid folksskriuwer pur sang fan Fryslân.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd 70

logo.ensafh

Der is in soad ferweech op ynternet en de sosjale media. It giet flugger as fluch, en as men juster net Twitter tsjekt hat, rint men al wer twa dagen efter de feiten. It is tsjak-tsjak en koart-koart. Gjin tiid foar lange blabla-ferhalen mear. Wat koarter wat better.
Dêrom komt no ek Ensafh mei in eksperimint. De romrofte skriuwe Anne Feddema stelt in ferhaal oan ús beskikber dat wy op ús Facebook-side sette. Alle wiken in koart stikje, in nijmoadrige fúljeton.… Lês fierder