Giny Bastiaans

Bokkepoatsjes

logo.ensafh

Tsien minuten letter stie ik wer by de kassa. Want ik hie de bokkepoatsjes ferjitten. Ik mei alhiel gjin bokkepoatsjes. Mar ja, myn oare helte fynt se hearlik. Dat sadwaande.
Der stiene twa froulju foar my, beide de karre grôt- en grôtfol.
De iene hie in koart, ôfknipt spikerbroekje oan dat, sa’t myn skoanmem sizze soe ‘de skamte amper bedekke koe’. En se hie der in pear alderaaklikst hege hakjes by oan. De oare stie op rôze sneakers, mei in read learen rokje derboppe. In kombinaasje dy’t ik ek sa gau net betinke soe.
Ik stuts myn bokkepoatsjes opfallend yn ’e hichte.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Dennis Wiersma en de fûst op ‘e tafel

logo.ensafh

Ik sit al in pear dagen earne op om te stinnen. Om’t der neffens my eat net kloppet. Mar ik tink somtiden ek wol: It kloppet mei my net.
Dan ha ik wat lêzen op fb of Twitter. Ien makket in opmerking, in oar is it der net mei iens, seit wat, skriuwt wat, begjint wat te skellen, in oar skellet werom en al gau wurdt de sfear hieltyd minder freonlik. Dan wurd ik der somtiden hast bang, mar meastentiids gewoan flau fan.
Flau wurd ik ek fan hieltyd dy stikken yn ‘e krante oer ‘grensoverschrijdend gedrag’. Gauris giet it dan ek oer politisy.… Lês fierder

Giny Bastiaans

“Wat ben jij Fries geworden!”

logo.ensafh

Ik hie my deljûn yn ’e wachtkeamer fan it sikehûs. It koe wol eefkes duorje foar’t se my rôpen. Ik siet wat om my hinne te sjen. In frou seach my al in skoftke sawat oan en ynienen kaam se oerein. Kreaze frou. Moai knipt wyt hier. Djoere jas oan. Mei reade wangen rûn se hastich op my ta. ‘Heb jij niet ooit bij mij in de klas gezeten?’ frege se.
Se kaam my al wat bekend foar, mar in namme koe ik der net by betinke. ‘Jij bent Giny,’ sei se, ‘en ik bin A.’
‘Och heden, ja,’ sei ik.… Lês fierder

Giny Bastiaans

‘De Brand’ en myn switskouder

logo.ensafh

De krante stie der fol fan:Johannes Brandsma stoarn.
Ynienen die ik in grutte stap werom yn de tiid, nei de dei dat Ate de Jong in foto makke fan ‘De Brand’ en my. Op ’e PC noch wol!
Dat kaam sa.
Ik hie in priis wûn mei it gedicht ‘PC 2025’. Yn dat gedicht waard beskreaun hoe’t in jonge, fan Somalyske âlden, net ta kening keazen waard op ’e PC. Net om’t er in kleurke hie, mar omdat er krekt sa’n dwerslizzer wie as eartiids Johannes Brandsma. Yn myn eagen soe dat it toppunt fan yntegraasje wêze. Ik leaude der doe, yn de jierren njoggenticht, hillich yn dat dat om 2025 hinne it gefal wêze koe.… Lês fierder

Giny Bastiaans

De wike fan ’e sachte froulju

logo.ensafh

Somtiden wurd ik moarns wat aaklik fan it nijs yn ’e krante moarns en yn ’e rin fan ’e dei komt dêr dan geregeld noch in dofke oerhinne. Troch it lekskoaien en kankerjen op ynternet.
Hoe’t sels minsken dy’t ik ken, dy’t ik graach mei, har negative miening op ynternet spuie. Dêr’t dan in oar wer op spuit en gean sa mar troch.
Yn ’e supermerk skode ik lêstendeis in winkelkarke in bytsje fierder om’t ik op dat plak sykje woe nei myn favorite sjem. Mei gimber. En ja, yn dizze winkel hiene se dy en bliid soe ik it potsje pakke, doe’t ik ynienen oan ’e kant reage waard troch de winkelkarre dy’t ik niiskrekt wat opskood hie.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Noch sa jong en dom

logo.ensafh

Der kamen twa jonge froulju de kûpee yn stampen. In lange blonde en in koarte readhierrige. De iene noch moaier as de oare. Gibeljend joegen se har del, twa stuollen links efter my. Se leine de fuotten op ’e stoel foar har. De blonde drapearre har skonken oer dy fan de lytse. Gesellich.
Noch foar’t de trein ôfstuts waard dúdlik wêr’t de froulju it oer ha woene: oer manlju. De moaiste hie ek noch in heldere en frij lûde stimme. Se soe grif yn in band sjonge kinne. It hold wol yn dat de heale kûpee meigenietsje koe fan wat de froulju allegear belibben.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Treastplak

logo.ensafh

Der giet hast gjin dei foarby dat der net ien freget: ‘Bist al wat thús yn ’e stêd? Bist ek ûnwennich?’ De earste moannen kaam fuortdaliks myn antwurd: ‘Eh nee juh!’ En dan wie it stil. Gjinien koe him yntinke dat ik net ûnwennich wurde soe fan myn wâldhúske bûten, yn in lyts doarp. Mar as bern opgroeid yn ’e stêd fielde ik my hjir samar thús. Ik rin moarns betiid troch de smelle strjitsjes. Snits wurdt wekker. En by de bakker rûkt it nei bôle. Hearlik.
En earlik, mei de waarmte om my hinne fan in leaf persoan, de drokte fan it ferhúzjen en alles wat dêrnei kaam, hie ik ommers ek gjin tiid om ûnwennich te wurden.… Lês fierder