Hidde Boersma

Te hastich om te rinnen

logo.ensafh

 

Ast my tsjintwurdich rinnen sjochst,
soest tinke dat de klinkers gloeie
Sa gleon slalomje ik tusken de mannichte troch

Myn kiezzen mealle om op myn tinzen,
en troch de groede yn myn foarholle
rint sâlt wetter de poeltsjes ûnder myn earmen yn

Dan sjitte myn eagen fjoer, en dan skroeie se dôf
Myn burd te lang, myn mûle droech

Ik far, mar sjoch neat foar de boech… Lês fierder

Hidde Boersma

Duko 2

logo.ensafh

Boele hie mei Duko ôfpraat om in kâld glês bier te drinken op in terraske. Se soene inoar treffe ûnder de kastanje op it plein. Boele wie moai op ’e tiid en hy kaam op it idee om yn ’e beskutting fan ien fan de finsterbanken fan it stedhûs ôf te wachtsjen hoe’t Duko oankomme soe by de kastanje. It koe noch maksimaal in minút as fiif duorje foar’t Duko kaam, want Duko wie meast aardich op tiid foar syn ôfspraken. Yn ’e binnenbûse hie Boele in appel en dy helle er foar it ljocht. Hy roste de appel even lâns syn jas en sette de tosken deryn.… Lês fierder

Hidde Boersma

Duko 1

logo.ensafh

Duko belle oan by Boele en wachte. It wie moai waar en hy hie der al hast spyt fan dat er oanbelle hie. Woe er net leaver in ein te kuierjen?
‘Ha Duko,’ sei Boele wylst er de doar foar Duko iepenhâlde.
‘Eh,’ sei Duko, ‘ik leau dat ik dochs leaver te kuierjen gean.’
‘Ek goed,’ sei Boele en hy sleat de doar wer.
Mei in wat ûnbestimd gefoel gie Duko doe mar op ’en paad. Mar dat gefoel liet er al gau farre, want hy die wat er woe, en Boele fûn it prima sa.… Lês fierder

Hidde Boersma

Ta rêst komme by de Sinees

logo.ensafh

By de Sinees sit ik oan in glêdlakte tafel achter in sierlik glês bier op in filtsje te wachtsjen op myn Nasi Indonesia Kip. De tafel is ôfnommen, glânzget en is útsein it glês, it filtsje en myn earms leech. Hearlik. Ik ha my yn skoften net sa rêstich en sereen fielt. Ik soe wol in krystferhaal skriuwe wolle dat him ôfspilet yn dizze setting. Op in dei, sa nim ik my foar, sil ik de lju hjirre myn idee foarlizze en hearre oft der yn harren saak of libben ris eat bard is dat him foar myn ferhaal lient. Sa kaam de skriuwer út de film Smoke ek oan syn materiaal.… Lês fierder