
I
it byldsje hat yn ’e tún it moaiste stee
ik woe de betonnen oaljefant yn ’t sicht
god ganesha der by hawwe is in pree
foar it skriuwen fan in ferhaal in gedicht
II
yn ganesha ha ek ik myn godheid fûn
heit shiva sloech him de holle ôf de gek
it bern waard in oaljefanteholle jûn
mei him foar my meitsje ik no myn bestek
III
parvati woe graach ris baaie yn ’e mar
soan ganesha bewekke it paad nei har
shiva nei jierren fan hûs wer thúskaam
hy de jonge poerlilk de holle ûntnaam
IV
de mem yn triennen shiva syn rie te’n ein
in berneholle nimme gong him te mâl
in oaljefantsje waard gau de kop ôfslein
by parvati koe doe wer de laits fan stâl