Op 28 maart 2015 hold Meindert Reitsma in ferhaal oer in nije opkommende generaasje yn de Fryske literatuer. Om’t er foar dat ferhaal it measte ûntliend hat oan it boek De revanche van de roman fan de Amsterdamske heechlearaar Thomas Vaessens, sil ik earst nei dat boek sjen.
Thomas Vaessens, De revanche van de roman: gearfetting
Dat boek beskriuwt benammen de literêre ûntwikkelingsgong yn Nederlân nei de Twadde Wrâldkriich. De kulturele elite makke him soargen oer de ynfloed fan ’e massakultuer as film en populêre tydskriften en begong in beskavingsoffinsyf. Wat de literatuer oangiet, waard weromgrypt op de literatuer fan it humanistysk modernisme.… Lês fierder