By Heerenveense Boys spile ik yn de D1, doe’t ik in tik op ’e knibbel krige en net wer fuotbalje koe. Dat fûn ik wol skande, mar it wie net oars. In kear as wat mocht ik op it haadfjild spylje, wylst de F- en E-pupillen op de byfjilden oan it balskoppen wienen. Omdat ik pas let op fuotbal gien bin, ha ik nea yn de F-kes sitten. Wol ha ik der faak nei stien te sjen. De wille dy’t se hienen. Allegearre efter de bal oan, gjin plan fan oanpak, gjin teory oer de wize fan spyljen, hast gjin technyk en al hielendal net dwaande mei resultaat, nee, gewoan op sneon lekker efter in bal oandrave.… Lês fierder
De Jong. Ferdinand
Keatshomo’s? Kolder
It is tiid foar in homopartoer op de keatsfjilden. Dat wie 27-07-2013 de deistelling yn de Ljouwerter krante. Ate de Jong wie de skriuwer. Gjin famylje.
Ien op de 16 minsken skynt homo of lesbysk te wêzen, stie yn it artikel. Skynt. Wêrom stiet der net gewoan: Ien op de 16 minsken is homo of lesbysk? Myn fraach: Wat is de mearwearde fan in homopartoer op de keatsfjilden? Ik ha mei homo’s wurke; in spitigernôch fierstente betiid ferstoarne nicht fan my wie lesbysk; ik sit mei in homo yn in bestjoer. Prima. Neat mis mei, yn ’e regel binne homo’s en lesbiënnes gâns better ûntwikkele as it oer omgongsfoarmen giet as de gemiddelde hetero.… Lês fierder
Neve 8028 Console
Wat makket minsken lokkich? De iene lêst graach in boek, in oar fytst him it snot foar de eagen, in tredde makket fûgelhûskes. Safolle minsken, safolle smaken.
Soenen der in soad minsken wêze dy’t net fan muzyk hâlde? Oargelmuzyk, psalmen, snoeihurde grunge, metal, rock, klassyk, Frysk, Ingelsk, Dútsk en wat makket it ek út, om my Hollânsk. Muzyk is in part fan ús deistich libben. It is oeral, as je yn de wacht setten wurde by in net tagonklik grut bedriuw, as je de tank folsmite, as je yn de wachtkeamer fan de masseur sitte. As reedriders yn it Vikingskipet yn Hamar harren rûntsjes draaie, yn de pauze fan in fuotbalwedstriid.… Lês fierder
De man fan seis krúskes
Oan de keukentafel yn ús pleats oan de Marijkemuoiwei yn Oranjewâld seach ik him fytsen. Rûntsje nei rûntsje. Wy neamden dat: de KI om, neamd nei it KI stasjon oan de Bieruma Oostingwei. Fia de Domineessingel en dan wer oer de Marijkemuoiwei. In kilometer as fiif. ‘Yep is ek wer oan it trenen,’ sei heit dan. Winterdeis seach ik him op tv, it wie de tiid fan Hilbert van der Duim, Frits Schalij en Hein Vergeer. Stik foar stik better as Yep, mear talint. Mar Yep joech it net gau oer, dat past net by in Kramer. Yn 1996 wûn er it nasjonale kampioenskip maraton op natueriis op it Ermerstrand yn Drinte.… Lês fierder
Ferantwurding
Stel je no ris foar dat Adolf Hitler noch libje soe. Of Stalin. Of Idi Amin.
Om ris mei dy lêste te begjinnen, dat wie my der ien. Bokskampioen swiergewicht fan Oeganda fan 1951 oant 1960. Gjin man om spul mei te krijen. Doe’t er yn 1971 diktator waard, beneamde er himsels mar ta ‘presidint foar it libben’.
Wy kenne de man as ‘de slachter fan Afrika’, en dy beneaming komt tichter yn de buert fan wat de man wie. It binne wat rûge skattings, mar sa’n 300.000 minskelibbens hat er op syn gewisse. Yn 1979 foel syn kaartehûs om en flechte er nei Libië en letter nei Saoedi-Arabië, dêr’t er mei syn fjouwer froulju libbe oant syn dea yn 2003.… Lês fierder
Sytske
Sytske, sanegeitsje, omtrint húsgenoat,
beslútleas stiest skûljend ûnder tongerswolken.
Want wetterdrippen ferwinskesto as wite ûndersoart,
as teoryles ûnder wurkfolken.
Dyn gebittastân rûnút dramatysk,
inkel bôlehapkes kinst noch aardich trochslokke.
Wjerkôgje is bytiden akrobatysk,
âlderdom soesto it leafst ferflokke.
Achttsjin jierren lang ha ’k útrekkene niis.
Bisto, grutte mekkerjende hannebiner op jierren?
Jachtfjilden fol mei ivich geile bokken fisioen.
Appelskyl, kropslaad oankocht foar reklamepriis.
Ik hear dyn gekoanstekkerij fan fierren.
Do bliksemskop, mar aldergelokst: sûn!
(Yn novimber en desimber 2009 en ek noch begjin dit jier hat op ’e ensafh site it keunstwurk ‘sonnet’ fan Koos van der Sloot stien. Klik hjir.… Lês fierder