Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i. | 17. Johan fan Hichtum

logo.ensafh
Wouter en Tjalle (II)

Tjalle
Mar Wouter, liichste net?

Wouter
Hey hey, lit my betsjen.
It noflikst komt noch oan, kinste sa lang net swije?
Ik stie en seach mar ta, ‘k koe foar it ferstân net krije
wat dit spul betsjut: te’n lêste seach ik twa
sa leaflik yn in hoeke, dat doe tocht ik ja,
ik ken de kaart no wol: dit sil in brulloft wêze,
men sil inoar de mis fan tusken-de-lekkens lêze.
Ik moat dit spul oanskôgje, it duorre net te lang
of ik seach, se jeiden de breid dêr goed op stang.
Hja skuorden har nei it bêd, ik hearde har wol kriten,
hja warde har as in man mei klauwen en mei biten.

Lês fierder