In weromsjen op 25 jier Aaipop
Aaipop begûn yn 1987 yn Muzykkafé Nijlân. Nei trije kear wie de belangstelling sa grut dat it festival ferpleatst wurde moast nei doarpssintrum De Mande. De earste kearen yn it kafee ha ik net meimakke. Ik siet yn dy tiid hielendal net yn de Frysktalige muzyk. Fia Rik Meijer kaam ik der foar’t earst mei yn de kunde. Hy spile gitaar yn in gelegenheidsformaasje dy’t ‘Slûge Sibbele syn Soan en de Sipels’ hite. Ik sjoch de poster mei nammen noch foar my. Ferskate trûbadoers en groepen soenen yn de jierren dêrnei bekendheid krije, bygelyks Piter Wilkens.… Lês fierder