
It plakje siet al tweintich jier as in eilantsje yn it tafelkleed fan ’e lange stamtafel, it hurde stikje kersfet koe de himmelster, dy’t alle woansdeis kaam, der mei gjin mooglikheid mear útkrije. Je soenen it plakje mei in fjoeroanstekker opwaarmje kinne, om it mei húskepapier oan te tippen, mar de kâns wie dan ek grut dat de boel yn ’e fik fleach. Libbensgefaarlik! Der útknippe koe ek net, want dan hienen je in grut gat yn it kleed, soks wie al hielendal gjin gesicht. Lokkigernôch wie it kafee fan tante Leen dochs al sa âld en brún dat in plakje mear of minder neat útmakke.… Lês fierder