‘oerwâldwurd’ is ien fan de filmkes dy’t útjûn binne op de nije DVD fan Sytse Jansma. De DVD heart by de dichtbondel ‘wa’t tate seit moat ek whisky sizze’… Lês fierder
Jansma. Sytse
trajekt Boalsert — Harns
hoeden de wjekken fan ’e einebekken no’t de kjeld it wetter strjemje wol mei tinne eastewyn op ’e rjochter wang noeden de trekkerbrêge rêgebrekker as stive hazzen skotsjespringe sleatwâlrinne drave oer drek ôfdekkende planken dit is winterblyn oer it lân klune runen fan wylde wytsingen nei de see tekens fan in tiid doe’t pionier mulier mei sweevjende izers oer reidplomôfbeakene fearten pleatsen as eilannen boppe it wetter útstekkend kop omheech dêr stiet de stiennen man ûnder in aureoal fan wachtsjende kobben

op ’e nij
[kml_flashembed movie="http://www.youtube.com/v/mQAJU-JaNU4" width="320" height="240" wmode="transparent" /]
Op ’e nij is in koarte animaasje fan Sytse Jansma.… Lês fierder