Ferdinand de Jong

Duvelsk sied

logo.ensafh

Om it jier 1200 hinne moat de earste bebouwing der al stien ha. De biskop fan Utert die it gea fan rûchwei 1300 oant 1500 yn de ban omdat it folk sa dwers wie, de minsken sochten oansluting mei Benediktynske muontsen yn Starum. It wurd desibel bestie noch net.

De hier oer de besittingen waard om 1500 hinne betelle yn de foarm fan ‘mudden rogge en tonne botters’. Sa libben dêr minsken lykas se dat no ek dogge. Mar yn 1629 kaam de duvel en besleat sied te siedzjen dat op de lange termyn kymje soe. De duvel is in geduldich persoan, net bûn oan tiid.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Tsja…

logo.ensafh

Ik ha it útsjoch op in langwerpich stik papier. ‘DRACHTEN/Smallingerland’ stiet der boppe. In eintsje fierderop: ‘Parkeren bij een parkeerautomaat met kaarten terwijl parkeertijd is verstreken.Totaal € 56,10. Eindtijd kaartje was 14 uur:00. Betaald € 0,40. Beginnend bestuurder: Nee.’

Wy skriuwe freed 11 oktober, it is hjerst. Moarn is de tradisjonele boekemerk yn Drachten. Se ferwachtsje de hiele dei reinich waar. Dat treft min, de heale simmer en neisimmer koe it net op mei de sinne, mar krekt op de lêste aktiviteit yn de Moanne… O nee. Der is moarn noch in barren, yn Boalsert. Dêrom bin ik hjir. Rin mei in beamer en in laptop ûnder de earm oer de mei in ferskaat oan kleuren fluorre merk yn Drachten, rjochting kafee Marktzicht.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

De taal hat de âldste rjochten

logo.ensafh

Frij fertaalde ferzje fan it magnum opus fan Dire Straits: Telegraph Road

In hiel skoft lyn wie der in taal.

Dy sweefde troch de loft oant er in gaadlik plakje fûn. Doe joech er himsels oan de minsken dy’t dêr wennen. Dy wienen wiis mei de taal. Se boarten der mei, makken him grutter en weardefoller. Sa bouden se yn gearwurking mei-elkoar oan in folweardich kommunikaasjemiddel dêr’t elts mei út de fuotten koe. Al mar mear minsken kamen oer de sânreden en oer it wetter en setten harren yn it nije taalgebiet te wenjen. Se gienen net fierder, se gienen net werom.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Fakânsje

logo.ensafh

Wy bedarje stadichoan wer yn de foar de measte minsken moaiste dagen fan it jier. De fakânsje. Al moannen binne der ferhalen oer wêr, hoe en hoe lang te hearren.

Om it daliks mar te sizzen: Ik fyn it de meast dramatyske tiid fan it jier. De tarieding is in ramp. It is no amper tsien oere moarns en ik ha de airco al neisjen litten, it lampke fan de airbag knipperet net mear en ik ha al in ôfspraak oer in dakkoffer makke. Dat wie ek al wer stress, want yn myn ûnskuld tocht ik dat soks noch wol koe, in pear dagen foardat it feest begjint.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

De tsjerke fan Koartehimmen

logo.ensafh

De tsjerke stiet middenyn it doarp en de mienskip. Sjoch nei it Fryske plattelân en by hast alle doarpen is de bebouwing om de tsjerke hinne plante, al as net op in terp.

Hjoeddeis rint it oantal besikers oan dy tsjerke tebek, soks hat ynfloed op de sinteraasje. Sa’n âld gebou is djoer yn ûnderhâld. Yn guon plakken stiet de tsjerke leech omdat de ferskillend leauwende minsken byelkoar krûpt binne.
Dêr stiet er dan. Docht neat, kostet allinnich mar. Dochs is yn de measte gefallen de goedkeape fariant (ôfbrekke) net oan de oarder. De tsjerke heart by it doarp, is monumint of docht tsjinst by útfearten of as troulokaasje.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Bling bling

logo.ensafh

Ik bin in sportmaniak. Passyf, dat dan wol wer. Sûnt ik yn de D1 fan Heerenveense Boys op de trening in skop tsjin de knibbel krige, sei dokter dat ik mar better net wer fuotbalje moast. Dat wie spitich, mar ik ha my der by dellein.

Der binne in soad sporten dy’t ik folgje. In oare eigenskip fan my is, dat ik kwa sport belibjen konservatyf bin.

It is in helder ferhaal. Jo lûke twa streken, efter de iene begjinne jo, en wa’t as earste oer de einstreek komt, is de winner. Rinnend, op de fyts, op in motor of yn in auto.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Haadpriis: in deakiste

logo.ensafh

Myn earste kollum foar Ensafh. Doe’t ik frege waard oft ik wol ris in stikje skriuwe woe, ha ’k dêr lang oer neitocht. Sa lang dat der in stik as wat mails op my ta kamen, sa fan: bist hast út ’e rie? Ja, mar ik skriuw leafst net oer literatuer, dêr wurdt al sa’n soad oer skreaun. Dat wie gjin probleem.
Sil ik it mar oer literatuer ha, dan? Of lektuer. Ek goed. Komt er.

Foar my leit in glossy. Ien mei fan dy krekt wat te glêde siden. De Linda, de Foppe, jim kenne se grif. It komt der faak op del dat der gjin flikker yn stiet en dêrom binne se net oan te slepen.… Lês fierder