ik krige inkeld ris in oanknopingspunt
benammen by de earste rigel
dan komt de hiele wrâld jin yn ’e mjitte
mar ik kin der net safolle mei
as it der op oan komt is de kime tichtby
it perspektyf hieltyd wer oars
ik kin der neat mei
nee it slagget my net
ik kaam wol oandwaanlike bylden tsjin
sa as in stien dy’t praat
in byljende hûn op in geitewollen sokkel
in man fan rubber mei ekstereagen
mar troch de bank nommen hat er
fierste min selskrityk ik bedoel
de skriuwer mei syn útwrydske
gewichtich lykjende mar bûten de
stokken springende moderniteiten
it stelt gjin kloat foar
ik besykje ferbannen te lizzen
mar moat dat eins net dwaan
we libje no yn in tiid
dat orizjinaliteit hast in twang is
fernijing is dêrby de eask
der binne ek skriuwers dy’t wol
in konkrete boadskip oerbringe
ek ik wol úthâlde dat fersen
benammen ornearre binne
om te kommunisearjen
sa’t ik al sei
ik kin der net safolle mei
dizze wrâld is feitliks sa lyts
as in stip op in ingeltsje
de skriuwer wol ynteressant wêze
ja kuiper ik ha it oer dy
ik krige inkeld ris in oanknopingspunt
benammen by de earste rigel… Lês fierder