somtiden kin ik sa feroarje:
ik kin fleane!
net yn gedachten
mar mei in fielsum fleugelliif.
ik strûs hjir sa it dakrút út
omheech
ik bin net bang:
ik bin it sels dy’t fljocht
en rêstich leit te sliepen
tajûn, dat hat wat raars
lemstra pisset bij de buorren
dêr strúnt ien bij aukje’s ruten
en gjin hûn dy’t ta de oarder
roppen wurdt
sa kin ik oeren sweve
earst om de toer
dan heger nei de wolkens
en nei de fraach:
de hichte of werom
as waarme dream
lis ik neist dij te sliepen
en foar it sjongen fan de wekker
lit ik mij fan de himel falle:
ik sjoch dij graach.… Lês fierder