It wie in frisse moarn mei wat in wetterich sintsje en sa no en dan in snjitterke. Mar fierder wol helder en skjin. Ik soe myn wenstige rûntsje mar wer even drave. Dat is meastal in goed begjin fan de dei; ‘een gezonde geest in een gezond lichaam’ net wier? Doe ‘t ik goed en wol op wei wie beluts de loft al rillegau en healwei de rûte wie ik al dweiltrochwiet. Hoe sûn is dat?! Mar gau op hûs oan, ik gong dochs dy kant al út. In lekkere dûs, nei ‘t ik de wiete brot ôfstrûpt hie, die wûnders.… Lês fierder
Nijp. Henk
Moster nei it miel
It wie is alwer in moai skoft lyn dat wy de lêste booster krigen ha. Ik kin it krekte stuit net iens mear foar de geast helje. Even foar de krystdagen ha wy noch wol mei in hiel keppel grize kopkes tagelyk earne yn in gymsealtsje yn ’e buert in grypspuit krigen fan de dokterspraktykstipers, mar dy sil no wol net mear jilde.
Siik ha ’k eins it lêste skoft net west, dat mooglik hat dy ynjeksje wol holpen. Of net fansels, want mei faksinaasjes is dat mar min nei te gean, it is meastal in kwestje van ‘lok wat jouste’ ha ’k it idee.… Lês fierder
Marathon
Hurddraafster Sifan Hassan rûn op 23 april har earste maraton, yn Londen, en die dat op magistrale wize. Jo ha der grif ien en oar fan meikrigen. Oer hoe min oft har tarieding op dizze wedstriid west hie, oer de ramadan dêr’t se as moslima mei te krijen hie. Oer de kramp, oer it strekken fan ’e skonken, de krekt-net-botsing mei in folchmotor en de kaprioalen by de drinkpost. Oer hoe ûnwis oft se wie oer de loop, want ja, mear as 42 kilometer, hoe sil dat yn ’e goedichheid útpakke ast soks noch net earder dien hast? En fansels oer dy fenomenale spurt by de einstreek.… Lês fierder
Ferkiezings
Wy moasten der even op út, om boadskippen. It waaide dat it rikke en ik hie hâlden en kearen mei de pakesizzer efterop en de fûle wynpûsten dy’t ús efter de hege gebouwen wei oer it mad kamen. We kamen oan by in lanlike grutwinkelman en krekt op ’e tiid stiene wy stil foar’t wy yn in grouwe klodder behangstisel telâne komme soene. De man fan dy lym fleach lyk foar it foartsjil del om in poster werom te krijen dy’t troch de wyn fuortblaasd waard. Syn smoarge lears betrape it biljet krekt foar’t it útflappe soe. It wie op ’e tiisdeis foar de ferkiezingen.… Lês fierder
Telle
Oan ’e ein fan ’e middei, noch even foar’t it echt tsjuster wêze soe, siet ik klear foar it grutte rút. In noflike stoel, fierker by de hân, termoskanne kofje yn it finsterbank, mei in stik koeke. Ik hie de tellist earder al fan de fûgeltelsite delhelle, en foar de wissichheid hie ik de fûgelgids foar de al as net ynvasive eksoaten en oare ûnbekenden derneist te lizzen. En, net ûnbelangryk, in intensiederswekker om hiel krekt in healoere by te hâlden. It koe mar oangean! It storeinde nochal wat en de wyn spile net swak by, wat soe dat betsjutte foar de tellerij?… Lês fierder
De lange earm fan Moskou
‘Nee, kin ik jo net bliid mei meitsje op it stuit. As it meisit nije wike wer, mar ik jou gjin garânsje. It binne ûnwisse tiden mei dizze kjeld en de oarloch. Belje nije wike tongersdei mar even wer om te hearren hoe en wat.’ Dat wie it antwurd fan de man efter de servicebaly fan de boumerk dat ik krige op myn fraach oft er my oan in rôle radiatorfoly helpe koe. Se wiene der al lang wer troch, it wie in gekkeboel en it wie hast net te besetten; elkenien like wol dwaande te wêzen om kieren en gatten te stopjen tsjin de gierjende ynflaasje en de grouwélige enerzjyprizen.… Lês fierder
Opfriesen
Wat is dat dochs mei dy reklameburo’s fan hjoed-de-dei? Jumbo’s kreativen sjitte in grouwelige bok mei as bouwarbeiders ferklaaide oranjefans op in bousteiger. Hossende BN’ers en oare figuranten dûnsje der op om en ha blykber nea fan Qatar en de narichheid dêr heard. Of it lit har planút ûnferskillich. Jan Smit, Frank Lammers, rapper Donnie, De Toppers, it Jumbo-Visma ridersteam (mei Jutta en Jorrit), ha dy net oanfield dat sa’n fertoaning op ‘e bou net yn heak is? Binne dy sa ûnnoazel? No ja fan ‘e Toppers kin ik my der noch wat by yntinke, mar dy oaren… Ik woe se wizer ha.… Lês fierder