Anneke van Renssen, Willem Winters

Gjin keunst / Kassel, as wetter fan in ein

logo.ensafh

Gjin keunst

Simmer 1968. Ik wie op fakansje mei myn oansteande. Nei Lúksemboarch, Vianden. It wie de tiid fan ‘De Praachske Maitiid’ en sels yn Lúksemboarch stienen de kranten fol mei ynformaasje oer de Russyske ynfal. Oansteande hie der gjin each foar. Hy woe allinnich mar in bytsje op syn brommerke toere, frije en ûndertusken my dúdlik meitsje dat de slang Eva wiswier tasprutsen hie. Oansteande wie in kreaze leauwende. No ja, kreas… Ik hie ûnderwilens swierrichheid dêr yn Lúksemboarch. Ik wie krekt wer yn ’e kunde mei Willem kaam en woe Willem earlyk sein dochs folle leaver as in kreaze leauwende.… Lês fierder

Willem Winters, Anneke van Renssen

De hûneman fan Noardburgum / Bisteboel

logo.ensafh

Syn twadde boek is der no dochs (no dogs?). Ik haw it oer Evert Jan Terburg, dy’t sa’n heale ieu ferlyn Amsterdam ferliet en him op ’e Falom fêstige. Al fuortdaliks wienen it bisten en nochris bisten op it hiem. In herder, in Eskimohûn, in poalhûn, in tekkel, parkiten, tropyske gaaien, hinnen, in foks, in pappegaai, poelepetaten, slangen, katten en op de keap ta rotten. Dy poalhûnen wienen wyld en sterk. In buorman, dy’t ek sokke meunsters hie, spande se foar in Messerschmidt. Drave!
It hiem wie al gau te lyts om mear bisten oan te tugen. Foar de hûnen makke er kennels, doe koenen der noch twa poalhûnen by.… Lês fierder

Anneke van Renssen, Willem Winters

Nasjonalisme / Schoorstra en Geofiksje

logo.ensafh

Nasjonalisme is my frjemd en Frysk nasjonalisme al hielendal. Ik moat der neat fan ha. It sil, lykas in hiele protte oare saken, wol te krijen ha mei myn bernejierren. Ik bin op it lêst gjin Fries en gjin Hollanner. Ik bin in mutant. Us mem Feansters/Frysk, ús heit út Delft. Dêr kaam by dat ús heit in Marxist (better sein in Stalinist) fan de earste oarder wie. As hy al nasjonalistysk wie, dan wie it Russysk nasjonalistysk. Keninginnedei en de legere skoalle wienen dêrtroch foar my as bern in ramp. It wie in de jierren ´50, middenyn de kâlde oarloch en de Hongarije-kwestje.… Lês fierder

Anneke van Renssen, Willem Winters

Gûle / Fan Nyman oant Akim

logo.ensafh

Gûle

‘Silst dat no wol dwaan, dat is foar my in skot foar iepen doel,’ sei ik doe’t Willem oankundige dat hy in stikje oer muzyk en bern skriuwe woe. Hy sette troch en dan wol ik myn ferhaal ek wol kwyt.

Ik wie lêst in pear dagen op ’e flitter, nei in freondinne. Willem skille middeis mei fersmoarde stimme: ik moast fuortdaliks it ynternet op, nei Youtube en dan André Rieu en Akim Camara sykje. Ik wie drok yn petear mei myn freondinne, ûnderwylst Yatzeeënd. Sa giet it altyd as ik by har bin.

Dochs de kompjûter mar eefkes oan want ik wie in bytsje ûngerêst.… Lês fierder

Anneke van Renssen

It digitale tiidrek

logo.ensafh

Der binne in pear ûnderwerpen dy’t in grutte rol yn ús libben spylje: Willems aardichheid oan it sammeljen fan de meast frjemde saken en ús beider probleemkes mei it digitale tiidrek. Willem wie dan ek as in bern sa bliid mei it rekkenwûnder dat in freondinne oan him joech. In fierstente djoer kado, it gefal is in antykje. Fan my mocht it eigentlik net, mar ja. Se woe net fan weromjaan witte en Willem boartet der ûnderwilens graach mei. Dat soe ik ek wol wolle, maar ik haw ik drok mei in oare soarte fan rekkenjen. Better sein: in tekoart oan rekkenjen.… Lês fierder

Anneke van Renssen

Montpellier

logo.ensafh

Wy binne yn it gelokkige besit fan in kemperke. Net sa grut, krapoan seis meter mar mei alles derop en deroan. It iennige wat ûntbrekt is in dûs. Dat dogge wy wol op in kemping en oars mar net, want wy sykje trochgeans dochs de rimboe op en nimmen dy’t ús dan rûkt.
Mar no woe Willem nei Montpellier, om te sjen oft der ek in stânbyld of sa van August Comte wie, ien fan de grûnlizzers fan de sosjology. Boppedat moast Montpellier in moaie âlde stêd wêze. Willem bestudearre de plattegrûn fan de binnenstêd en kaam ta de konklúzje dat it in fluitsje fan in sint wêze soe, wis mei help fan Tante Betje, ús TomTom.… Lês fierder

Anneke van Renssen

Noordelijk Film Festival

logo.ensafh

Wy binne op fakânsje en ik frege Willem oft wy dan wol stikjes meitsje soenen. ‘Fansels,’ sei Willem. No, dan woe ik het noch wol eefkes oer it net trochgean fan it Noordelijk Film Festival (NFF) en it alternatyf hawwe. Willem net. ‘Dan kin ik allinich mar skelle.’ Willem is noch altyd poerlilk oer op de wize wêrop’t ik der wei rekke bin.
Hawar, dan mar aparte stikjes. Willem woe it ha oer it Paradys, ik oer in foar my ferlern Paradys: it festival. Ik wol my eins net mear bemuoie mei Film in Friesland, mar wat meitsje se der in soadsje fan.… Lês fierder