Lomme Schokker

Beskûlgean

logo.ensafh

By beppe fielde ik my thús. Mocht graach en koe goed mei har prate.
‘Wat wer moai om mei dy te petearjen,’ sei se dan, as ik har hûs yn kaam.
No ja, sy koe goed mei my prate.
‘Och jonkje ju, moatst dy net drok meitsje … Sa slim is it net … As ien it kin, bisto it … Kinst folle mear as datst tinkst … Moatst gewoan dwáán en foaral gewóán dwaan … Hjir haw ik in koekje foar dy.’

Earste klasse Mulo. Tiisdeis en tongersdeis nei de pauze Frânsk fan Hospes, autoritêre pestkop sûnder ein. Nei elts proefwurk en skriftlike oerhearring boldere er, altyd wer ûnferwachts: ‘PENNEN NEER!’… Lês fierder

Lomme Schokker

Trinus en de ayatollahs fan Teheran

logo.ensafh

In jier of seis lyn, op de dei dat ik definityf ôfsward waard as in ta leanslaaf makke baasbegeunstiger, siet ik jûns by myn ôfskiedsmiel njonken de frou fan ien fan myn âldkollega’s. Ik wist fan har bestean, koe har namme en skiednis, mar hie har noch nea troffen. Wylst op in bepaald momint alle oaren oan tafel sieten te harkjen nei de pias fan ús selskip dy’t aardich wat moppen op it kantsje ôf te ferkundigjen hie, sieten wy súntsjes te praten oer Iran en wêrom’t sy, delbûke fan tweintich jier besikings, úteinlik har lân út flechtsje moast. Se koe net oars.… Lês fierder

Lomme Schokker

Skoufrou tusken twa kanten

logo.ensafh

Alle boeken fan Annie Ernaux, de winneres fan de Nobelpriis foar literatuer, geane oer har frou-wêzen en oer har sosjale komôf. Yn in droech proaza, dat hiel persoanlik is en sljochtweihinne realistysk, filearret sy it libben yn har neiste omkriten en harsels yn it bysûnder.

Har heit moast op syn tolfde as kowehoeder de fjilden yn, wie in hiel skoft fabryksarbeider, begûn letter in doarpswinkeltsje dêr’t in soarte fan kafee, in sûphúske oan fêst siet. De heit, altyd earm, altyd bealgje, nea tiid foar himsels, hie al syn moed op syn dochter, de earste yn de famylje dy’t trochleare soe.

Op it momint dat sy it hûs útgiet begjint se te skriuwen.… Lês fierder

Lomme Schokker

Oranjeread

logo.ensafh

Myn belibjen fan de werklikheid is yn sommige gefallen oars as dy fan de measte minsken.
Sa hawwe wy dit jier in hingelbegoania boppeyn in amphorafaas op ’e hoeke fan ús tún, heal ferskûle efter in reade Japanske acer. It felle oranje fan de frêle blomkes stekt manjefyk ôf tsjin de lykfoarmige bledsjes fan plant en beamke. Us buorlju wurde der alle kearen suver bliid fan as se oer it túnsket dikerje. Ik dêrtsjinoer, mei myn min kleurûnderskiedingsfermogen yn it oranje-read-griene spektrum, sjoch amper ferskil tusken dy blomkes en de bledsjes. No wit ik blinders goed wat ik sjoch, dus dat kin neat oars wêze as myn eigen werklikheid.… Lês fierder

Lomme Schokker

Fakânsjeperikels

logo.ensafh

Dizze drûge en drege simmer gjin better plak as in pear wike útfanhúzje tusken de grouwe muorren fan in kleaster yn it Teutoburgerwald. De lêste tiid sitte my myn dreamen dwers, dy’t ik fan alle kanten ris goed beskôgje en beskikke wol. Dreamen dêr’t elk út myn fermidden fan fynt dat ik my der überhaupt net drok om meitsje moat. It hat neat om ’e hakken, sizze se, do makkest fan fearkes yn eigen eagen heule balken yn dy fan de minskheid. Ja duh, ik wol lekker sliepe kinne.

No’t de wissichheid begjint troch te kringen dat it mei my oer tsien of tweintich jier beslikke wêze sil, begjin ik mear en mear fan dy dingen te genietsjen dêr’t ik mei fertroud bin – myn moaiste boeken, foto’s, keunst, muzyk en foaral myn byinoar skarrele wysheden.… Lês fierder

Lomme Schokker

Under eigen eagen

logo.ensafh

Myn tinzen weromhelje, wurden meitsje. Trije saken dy’t der ta diene. Ien: der wie dat hûs, lang lyn, in hûs mei keamers sûnder siel. Twa: dat wy stil praten binne. Te lang al, ús swijen duorret sûnder ein. Trije: it behaachlik begryp dat alles mei-inoar ferbûn is. Sa moat it wêze, hat mei útwikseling fan enerzjy te meitsjen. Op elk mooglik nivo. Hoe kin ik dêrfan witte?

Keamers sûnder boeken, sa wie it. Yn it hiele hûs net in boek of idee, gjin oantinken of prakkesaasje te bekennen. Keal en kâld. Nee, net keal. Prachtich spul, djoer spul, treflik en mei smaak ynrjochte.… Lês fierder

Lomme Schokker

Identiteit en kreativiteit

logo.ensafh

‘Do silst en moatst einlings in kear mei my nei it Sokratysk Kafee yn Amsterdam. No ris net eamelje oer gjin tiid of gjin nocht of te djoer of de frou wol it net ha, it praktysk filosofearjen dêr kin dy helpe om pas echt de skriuwer te wurden dy’tst sa graach wêze wolst.’
Sokssawat sei myn freon de psycholooch in pear wike lyn, doe’t ik him fertelde dat myn beide bern totaal gjin fidúsje hiene yn myn potinsje om ea noch wat ferstannichs te skriuwen.
Ik hie nammentlik meidien oan in ferhalewedstrydsje fan de boekewinkel hjir om ’e hoeke yn Lisse yn it ramt fan it boekewiketema.… Lês fierder