“Ik ha mear as oait it libben leaf.”
Eppie Dam is berne op 5 maart 1953 op in pleatske yn De Pomp. Hy die de oplieding ta ûnderwizer en wurke earst op in skoalle op Urk en fan 1991-2009 yn Balk. Hy wennet no yn Sleat en stiet net mear foar de klasse. Eppie Dam is bekend as skriuwer fan gedichten, ferhalen, berneboeken, kollums en besprekken. Hy hat inkelde jierren redakteur west fan it literêr tydskrift Trotwaer. Fierder skriuwt er eigentiidske kantates en liturgyen, yn gearwurking mei komponisten as Hindrik van der Meer, Jan de Jong en Gerben van der Veen.… Lês fierder