It rapport fan de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2007 is in nijsgjirrich dokumint — nijsgjirrich, om’t it sjen lit hoe’t yn guon rûnten it tinken oer literatuer yn Fryslân noch altyd behearske wurdt troch tsjinstellingen dy’t aktueel wienen yn ’e jierren sechstich. Tsjinstellingen dy’t yn de Nederlânsktalige literatuer al lang gjin rol fan betsjutting mear spylje, en dy’t ek de moderne Fryske proazaskriuwers gjin byt mear sizze. Mei in fariaasje op Greshoff soe men sizze kinne:
Vorm was actueel toen het veen gevormd werd in de Peel.
It foarmfetysjisme dript fan elke alinea. De toan wurdt dalik set as de sjuery meistimmend Josse de Haan sels sitearret oan it begjin fan it rapport:
… Lês fierderSûnder eksperiminten mei [de foarm] ûntstiet gjin nij en orizjineel keunstwurk.