Dêr lei er dan, sa kreas as in krúsbei. Sierlik waar en krekt gjin winter mear. In lyts wek hiene se foar him makke en dêr it mei plestik beklaaide souke mei in bollepystebêd yn lein te driuwen.
Hoe’t er hjir sa kommen wie, wie net rjocht dúdlik. It wie yn alle gefallen helder dat syn mem him net hâlde kinnen hie. Fansels hiene jo hjoeddedei wol fan dy ynleverpunten foar bern mar de kâns wie grut dat jo dêr op kamera fêstlein waarden. Hy hold him mar wat fêst oan it byld dat er yn in sûpkeet berne wie en dat se dêr yn ’e mande ornearre hiene dat dit de bêste oplossing wie om’t der yn dizze oarder noch in beskate foarm fan út it sicht reitsjen mar net weiwurden mooglik wie.… Lês fierder