Lubbert Jan de Vries

Bloedroas

logo.ensafh

Moarns yn ’t iere ljocht
Sangeret de azem fan it bist
Minskesiel minachtsjend
Lâns it nachtpaad ferbean.
Siket waarm bloed hoeden
In wei yn ferwâde grûn.
Sjonge fûgels heech op ’e wjuk
Fan it lotterjend span geast en ljocht.

Yn ’e loft
Hinget allyk in stoarm driget,
It heislikste geweld.
It bist gûlt oerémis syn liet
Fan de honger nei moardsucht.

Wach no,
Frou en man en foetus,
Foar eltse ferskining fan it bist.
Wach no,
Frou en man en foetus,
Mei de bloedroas yn ’e hân.
Foar de honger fan it kwea.

 … Lês fierder

Lubbert Jan de Vries

de achtste dei

logo.ensafh

yn de úthoeke fan de Skrift toant de Skepping him
op ’e achtste dei
oan de hûn

efter syn brune hûne-eagen
yn de strielen fan de sinne
dûnset in krie
in spjocht dûkt
oer syn kop
en hammeret in nij swart gat
yn in deade beam
neist him
stiet in ielgoes
deemoedich as Jezus Kristus
wjukken wiid
oan de wetterkant

wylst is dêr
it delbêdzjen fan de ierde
wylst is dêr
it wrotten fan de beammen omheech nei de Himel
wylst rûkt er de delgong

yn de nacht fan de achtste dei bilet de hûn
by it ljocht fan de moanne
boppe it grêf fan de man út Earnewâld
de hûn koe him by it libben(de alpha) én kin him yn syn stjerren (de omega)
de hûn seach reeën yn it Paradys mei de snút omheech
ferwûndere…de man út Earnewâld…dea !?… Lês fierder

Lubbert Jan de Vries

De Ferlosser

logo.ensafh

 

……………………………
Stean net swak

Stean net trochsichtich

Sjoch de hâldster fan it faaiefjoer

It kâlde kring

Sûget it bloed út dyn ieren en de azem út dyn longen. Sûget de triennen út dyn eagen en stekt har kâlde tonge yn dyn mûle. Triuwt de fingers fan har kâlde kloeren troch dyn hûd. Har azem skitteret as iiskristallen yn dyn noastergatten. Wurden hingje kâld yn de loft. Deade snie.

De Duvel

In wytling

Mei swart hier listwurk

Balkaneeske eachopslach poerswart

Kjeld smel mûltsje dat seit: “Ik hâld net fan swakke minsken.”

Wier

Ik stean swak

Ik stean trochsichtich

Myn neaken lichem tekenet skerp skaad op de swarte flier fan de galge fan de Hel.… Lês fierder