Syds Wiersma reizge ôfrûne simmer twa moannen troch Ierlân om dêr te wurkjen oan in nije dichtbondel. Hy krige dêrfoar in projektsubsydzje fan it Nederlands Letterenfonds. De nije bondel sil ein 2020 ferskine. Foar Ensafh skriuwt er in rige literêre reisferhalen oer syn skriuwerstocht.
Thoor Ballylee
Ast de spoaren fan de grutte Ierske dichter William Butler Yeats (1865-1939) folgest, hast ferskate opsjes. Kinst yn Dublin in jûntsje nei Abbey Theatre of nei de permaninte tentoanstelling oer Yeats yn de National Library. Kinst oan ’e noardwestkust fan Ierlân syn grêf besykje yn Drumcliff, County Sligo. As bern brocht er dêr de simmers troch by syn memmes laach.… Lês fierder