Klaas Bruinsma hat út it Middelnederlânsk wei de Arthurroman De roman van Walewein oerset. Hy hat dêrby gebrûk makke fan de yn 1957 besoarge útjefte troch G.A. van Es, dy’t it ferhaal de titel De jeeste fan Walewein en het Schaakbord meijoech 1). De titel fan syn oersetting hat Bruinsma oernommen út it iennichst bewarre folsleine hânskrift fan de tekst, dêr’t dy titel yn in oare hân letter boppe set is.
Walewein is ien fan ’e ferneamdste ridders fan kening Arthur syn Rûne Tafel. Hy giet troch foar de ealste en moedichste. Syn Ingelske namme is Gawain (Ned. Gawein). Klaas Bruinsma hat al earder oer in ferhaal gear west dêr’t Walewein/Gawein de haadpersoan yn is.… Lês fierder