Giny Bastiaans

Noch sa jong en dom

logo.ensafh

Der kamen twa jonge froulju de kûpee yn stampen. In lange blonde en in koarte readhierrige. De iene noch moaier as de oare. Gibeljend joegen se har del, twa stuollen links efter my. Se leine de fuotten op ’e stoel foar har. De blonde drapearre har skonken oer dy fan de lytse. Gesellich.
Noch foar’t de trein ôfstuts waard dúdlik wêr’t de froulju it oer ha woene: oer manlju. De moaiste hie ek noch in heldere en frij lûde stimme. Se soe grif yn in band sjonge kinne. It hold wol yn dat de heale kûpee meigenietsje koe fan wat de froulju allegear belibben.… Lês fierder

Jelma Knol

Feico, in 16de-iuwske komponist út Wier

logo.ensafh

En dan hawwe wy der samar in âlde Fryske komponist by, út Wier noch wol. Kees Kuiken beskriuwt yn it net genôch te priizjen blêd fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken hoe’t er mei tank oan Suffridus Petrus syn boek oer Fryske skriuwers en gelearden út 1590, op it spoar set waard fan Fredericus/Feico Viaerra. Suffridus hat de man persoanlik kend. Kuiken ûntdekte ûnder oare dat Feico yn 1554 yn de universiteitsstêd Leuven studearre. Petrus Phalesius, de Leuvenske boekhanneler en printer, brocht tsien jier letter Feico syn boek út mei komposysjes foar de cythara, in foargonger fan de lút. Neist in inkeld gedicht is dit it iennichste wurk dat oant no ta fan de ynwenner fan Wier oerbleaun is.… Lês fierder

Henk Nijp

Telle

logo.ensafh

Oan ’e ein fan ’e middei, noch even foar’t it echt tsjuster wêze soe, siet ik klear foar it grutte rút. In noflike stoel, fierker by de hân, termoskanne kofje yn it finsterbank, mei in stik koeke. Ik hie de tellist earder al fan de fûgeltelsite delhelle, en foar de wissichheid hie ik de fûgelgids foar de al as net ynvasive eksoaten en oare ûnbekenden derneist te lizzen. En, net ûnbelangryk, in intensiederswekker om hiel krekt in healoere by te hâlden. It koe mar oangean! It storeinde nochal wat en de wyn spile net swak by, wat soe dat betsjutte foar de tellerij?… Lês fierder

Lomme Schokker

Op sleeptao

logo.ensafh

‘Santich jier …, hasto dêr ek sa’n profyt fan?’ Ik frege dat oan myn maat njonken my op de hometrainer yn ús Life-Fitnessgroepke fan de fysioterapeut.
Ik seach him tinken fan wat hat er no wer oan ’e fyts hingjen.
Mei de jierren haw ik leard dat it noflik is om minsken tiid te gunnen om te antwurdzjen en dat it hast altyd fertuten docht om ûnferwachte fragen op it persoanlike flak te grûnjen mei eigen wederwarichheden.

‘Tsjintwurdich tink ik folle faker nei oer wat en wa’t ik bin. Wat ik allegear sa al dien ha en hoe’t dat my foarme hat, hoe’t ik myn eigen stekje oan it finen bin, wêr’t ik it sykje moat, wat oare minsken yn myn libben foar my betsjut hawwe … Hasto dat net?… Lês fierder

Martsje de Jong

Moalpûde

logo.ensafh

Dizze wike in berjochtsje yn it nijs: de wurknimmers fan it streekferfier sille op ’e nij stake, want der wurdt net reagearre op harren CAO-foarstel. Ik flokte, want de ellinde fan soksoarte aksjes – en dêr ha der nochal wat fan west it ôfrûne jier – komt altyd del op de skouders fan dy’t ôfhinklik binne fan datselde iepenbier ferfier. En dat binne net de lju dy’t de leanen betelje. Dyselden sitte heech en drûch achter in buro en sjogge hannewriuwend nei it spinpoatsjen fan de wurknimmers. Te krappe tiden om de rûte te riden, sadwaande gjin tiid om te pisjen of kofje te drinken en dat ek nochris foar te min sinten, want ja, de ynflaasje.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foto’s Grutte Gedichtejûn 2023 ensafh

logo.ensafh

Freed 27 jannewaris 2023 wie it wer safier: de Grutte Gedichtejûn fan literêr tydskrift ensafh. Diskear op in bysûndere lokaasje: it popup kafee de Gouden Leeuw yn it gebou fan Tresoar yn Ljouwert. In gouden greep kinne jo wol sizze: in  seal yn it oars wat sterile Tresoar wie omtovere ta in soarte fan replika fan it eardere kafee de Gouden Leeuw, dat yn it ferline op itselde plak op ‘e Butterhoek stien hat.

Tenei mar in permanint plak jaan, dit kafee!

Der wie in moai oantal dielnimmers, en de sfear wie treflik. Bruno Rummler, sjonger en muzikant, wist it publyk goed by de saak te belûken.… Lês fierder