Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Ferline kear skreau ik dat men mei sok waar mar it bêste wat yn ’e hûs sitte kinne. Dat is oan ’e iene kant sa, want dy tsjokke mist noeget alhiel net út.

Lykwols is dat net hielendal wier, want der is mear as genôch te dwaan yn Fryslân (en dêr bûten). It ôfrûne wykein hawwe wy it Keppelfeest yn Boalsert hân mei muzyk, poëzij, teater en folle net genôch! De minsken koene mei it moaie waar harren earen en eagen de kost jaan yn de Gysbert Japicx-stêd.

Hjoed begjint it festival Explore the North mei wer muzyk, poëzij en neam mar op.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Is it wol sa gewoan?

logo.ensafh

Besprek De gewoanste man fan Hidde Boersma

It liket as giet Hidde Boersma alle sjenres by del. Yn 2008 debutearre er mei de dichtbondel De rop om Doede. It gedicht mei de lyknammige titel sloech fuortdaliks yn. Twa jier letter hie Boersma in ferhalebondel op syn namme te stean mei de titel Fol túch de mist yn. En no, mar ien jier letter, komt er mei syn earste roman, De gewoanste man.
En dy gewoanste man is Ale van der Meer, 57 jier âld. Troud en twa bern, in soan en dochter. De dochter ferwachtet har earste bern en is ek it earste bernsbern fan Ale en Frouk.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

It wie ferline wike útsûnderlik myld waar foar de tiid fan ’t jier. Minsken wiene noch wakker drok dwaande yn ’e tún. De blêden falle al wol fan de beammen, dêr is gjin begjinsein oan om dat hieltyd oanfeie te moatten. Wat in drokte om neat, want moarn leit it op ’e nij besiedde. Krûp leaver yn ’e hûs en set de kompjûter oan. Lit de wyn mar oanhelje en oer de heide gûle. As der al in beam omwaait en dêrtroch komt der in stoeptegel bryk te sitten, losse de strjitmakkers dat wol op. Mar nei de hjerst en de winter komt der wer in nije tiid, soe it in nije tiid wurde sa’t Nyk de Vries dat skriuwt?… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Ut namme fan ’e redaksje wol ik graach Durk van der Ploeg fan herte lokwinskje mei it winnen fan de Gysbert Japicxpriis 2011. Nei sa’n machtich oeuvre komt it jo ta! Lokwinske!

Ta eare fan de winner hawwe wy dizze kear in ‘Durk-Digy’ gearstald mei:

– In lofdichttroch Klaas Bruinsma.
– Gedichten fan Van der Ploeg, troch Piter Boersma en André Looijenga ynsprutsen.
– In besprek fan syn nijste boek.
– In presintaasje fan alle besprekken fan syn wurk dy’t stien hawwe yn en op ensafh en it eardere Hjir en Farsk.
– En fierder kollums, in essee, in filmke en in skildere portret.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Fragmint út ‘Lúshâlding’

logo.ensafh

Geart Tigchelaar lêst foar út syn te ferskinen ferhalebondel mei as titel Lúshâlding.

It fragmint dat er foarlêst is it begjin fan haadstik 2. Yn haadstik 1 hawwe se it avontoer belibbe dat Dwatte fan de hûn ôfrûgele is, dy’t hja harren Wrâld neame. Koate, syn twillingbroer, hat him weromhelje moatten. En no belibje se wer wat, sa liket it.

Klik hjir foar it lûdsfragmint.

De folgjende moarns wurde se allegearre tagelyk wekker. It is in bulderjen fan komsa yn de keamer. De wrâld komt gysten yn beweging en springt by de grutte skepsels op. Wat is dit? Se rôlje fan it iene yn it oare, juster it gedonder mei Dwatte en hjoed dit gesoademiter!… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

It is yn Fryslân noait goedernôch of der moat krimmenearre wurde. Sa skriuwt Eeltsje Hettinga op 10 oktober nei oanlieding fan de Gysbert Japicx-priis it folgjende: “Nettsjinsteande it dozyn redakteuren dat it literêre tydskrift Ensafh. telt, kaam it blêd it ôfrûne heal jier net fierder as de presintaasje fan in longlist en in ûnnoazel yninoar knutsele poll.”
Hy skriuwt sels al dat der neat dien is om ‘reuring’ te jaan oan de Gysbert Japicx-priis, De Moanne lit it ek ôfwitte.
Mar op de ensafh-poll is in soad stimd wurden, ek al is it net in offisjele poll. En ferrassend is dat der sa’n relatyf ûnbekend wurk as ‘winner’ út de bus kommen is.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Sinjalemint: De gewoanste man fan Hidde Boersma

logo.ensafh

Dêr’t Hidde Boersma yn syn ferhalebondel Fol túch de mist yn (2010) alderhanne frjemde apostels achter de kûlizen tefoarskyn komme liet, folget er no ‘de gewoanste man dy’tst dy mar yntinke kinst’ sa’t de achterflap fan syn romandebút tsjûget.

En dat is Ale van der Meer, 57 jier âld. Ale is in tige evenredich man dy’t gjin kwea wurd oer in oar sizze sil. As elk syn eigen paadsje skjinhâldt, is der neat te rêden. Ale is foarman fan ’e strjitmakkers fan de gemeente. Dy krije lykwols hieltyd minder te dwaan, swiere wurkdagen hawwe hja net mear.
Typearjend oan Boersma is dat syn personaazjes hieltyd ta nije ynsjoggen komme, dat is ek it gefal sa yn syn roman.… Lês fierder