It is hjerst. Yn dizze ôflevering fan ensafh is der wat fan te merkbiten.
Mar likegoed ek fan ’e maitiid: leechsûge aaien.
Gedichten
De poezy yn dizze ôflevering is fan Piter Boersma, Rein de Lange, Koos van der Slott en Cornelis van der Wal.
Rein de Lange dichtet yn ‘thúskomst’: ‘dochs in izige ûnrêst / ferwûnet it paad / blyn farwetter foarút’.
‘Fansels’ is de titel fan Cornelis van der Wal syn gedicht, dat fansels giet it oer de hjerst of leaver sein syn hjerstdepresje, mar hy hâldt hoek en de redenen wêrom binne treflik.
Yn Piter Boersma syn gedicht fiert in blêd dat al yn ’e simmer losliet it wurd, in brún elzeblêd, in hjersttafriel yn ’e simmer.… Lês fierder