Anne Feddema

Soon Sûn

logo.ensafh

Der binn’ minsken
Dy’t sels de siken
Net mear krije kinne
As se siken besykje
Yn it sikehûs.

Unbidige gong, dêr’t
Ik de gong der yn ha
Faasje mei nim
Fan bûten, faasje
Stadich slitend
Yn rêst.

Alfa-Omega
Ofdieling Z
Fuottenein
Dyn bêd
Hinget
Heliumhertballon
Krigen fan kollega’s.

Do leist net op bêd
Sitst oan tafel
Degas contre-jour
Sêfte wite hûdpastel
Ofrûne nacht hat
Tiid dyn antlit
Jonger makke
Yn tsjokke stilte
Dripket it ynfús
Dyn hannen fiele
Hjir oars as thús.

We sitte as we
Nea sitten hawwe
As oft we op besite
Binne yn elkoars
Dream
Ljochtsjende
Gleone
Stimmen
As fyn stof
Ferwaaiend.… Lês fierder

Anne Feddema

Kollum foar Ensafh

logo.ensafh

In stik dei út… Plus it fierdere libben fan Anne Feddema?
Reisbesykjen nei Oldenburg, tongersdei fyftjin juny twatûzensantjin.

05.00 oere… fyftjin juny twatûzensantjin. De wekker giet ôf en ik spring út bêd.

Wier-wier, mar… nét wier. Hoe betiid ik ek de dei, of noch neare nacht, ynstap om oan ’e kuier te gean, ik persoanlik haw noch nea ‘de wekker setten’ om dy dan ôfrinne te litten wannear’t dat dan mar winske is. It is wis-wekker-wier net nedich, sis ik jimme. Ikséls rin as in wekker it libben yn. It liket wol as haw ik in ynboud alaarmsysteem yn ’t kopke.… Lês fierder

Anne Feddema

Fyftich oesters foar Casanova

logo.ensafh

It wie deastil om Chevalier de Seingalt hinne, algemien better bekend ûnder syn wiere namme: Giacomo Casanova. Mar hy hie him de deis dêrfoar krekt as de Chevalier foarsteld oan it groepke minsken dêr’t er mei de koetsewein mei reizge, dus hjoed soe er de Chevalier spylje, in rol dêr’t er op it stuit noch net klear foar wie. “It libben is der hast út,” sei er wanmoedich tsjin syn spegelbyld foar him en hy die dat sa súntsjes en stil dat de omjouwing der neat fan meikrige. Oars in behoarlik earmoedige omjouwing, moat der by sein wurde. In hokje fan âld hout, yn in al krekt sa earmoedige, fertutearze herberch, dêr’t er de nacht trochbrocht hie.… Lês fierder