Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Minsken, helje de sjampanje út ’e kast, want it is tiid foar in feestje. De digitale ensafh sjocht no Abraham! De fyftichste ôflevering al wer, en wat foar ien! Abraham krijt al in aardich búkje, sa fol sit er!
Op nei de hûndert!

Poëzij

In fers fan Sigrid Kingma mei as oanlieding de bondelpresintaasje fan Cornelis van der Wal yn Britswert.
De Rolling Stones spylje op de Montjuïc, neffens Anne Feddema.

Proaza

It koarte ferhaal is diskear fan Greet Andringa. Ik klap aanst ek de laptop ticht, mar gean der leau ik net út. Soe ik dat wol dwaan, dan soe de loft net fol stjerren stean.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Wat hawwe wy mei de peaske in pear prachtich moaie dagen hân. Frij en moai waar, wat wol in minske noch mear. Doe’t it tiisdei en woansdei suver wat koeler wie, koe men dat fuortdaliks fernimme. De jas koe wer oan. En dan merkt men ek hoe gau oft men ta it moaie waar bedoarn is. Want dan sit elk wer te kleien dat it kâld is.
Dan is it moai dat der in stabilere faktor as it waar op ynternet te finen is, en dat is ensafh. Alle fjirtjin dagen farske ûnferfalske Fryske wrâldliteratuer! Hjirby wer in nije ôflevering.

Poëzij

Piter Boersma krijt suver in min sin fan dy ‘pommadearre kwal’ wannear’t er werris in fraachpetear lêst.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Sinjalemint Willem Abma: Inerlik ferskinen

logo.ensafh

Inerlik ferskinen fan Willem Abma is al syn 19e dichtbondel. Dêrnjonken hat er ek tal fan romans, toanielteksten en in ferhalebondel skreaun. Earder publisearre er ûnder it pseudonym Daniël Daen.
De nije bondel is út seis skiften opboud: Ferglide, Kear, Do op it klif, Frjemd hast eigen, Oer en wer en Oersettingen. Yn totaal steane der mear as tachtich fersen yn en dat is in moai nustje. Ut de flaptekst komt nei foaren dat de poëtyske sirkel (moai yllustrearre op de foarkant) fan Abma rûn liket te wêzen en der stiet dat dizze bondel in soarte fan slotakkoard liket te wêzen.… Lês fierder