Cornelis van der Wal

Mingd nijs (4): Freed giet fuort

logo.ensafh

Dat foel my rau op it dak: de wyklikse kultuerbylage Freed fan de Ljouwerter Krante sil ferdwine. It is noch net offisjeel bekendmakke, mar ik haw it út tige betroubere boarne.

De lytsachting foar kultuer by de hjoeddeiske redaksje fan de Ljouwerter is no ek wol hiel dúdlik foar it ljocht kommen.

Ik kin wol riede wat de krante hjiroer meidiele sil: se wolle de kulturele (en dus ek de Frysk-literêre) stikken tenei better ferdiele oer de oare dagen fan de wike.

It sil grif krekt sa gean as by it ferdwinen fan it kultuerprogramma de K-Rûte op Omrop Fryslân televyzje.… Lês fierder

Anne Feddema

Jubileum

logo.ensafh

Dit jier bin ik fjirtich jier byldzjend keunstner. Sa no en dan kin ik dat sels net iens leauwe. Wêrom en hoe wit ik dat? Gjin prikklok, baas of administraasje dy’t my dat fertelle kin.
Fjirtich jier lyn waard ik ien en tweintich en in skoftke derfoar hie ik myn earste grutte skilderij makke. Earne yn it begjin fan septimber 1982 wie ik dêr oan begûn. Tocht ik doe werklik konkreet: Ik bin keunstner. No nee, perfoarst net hear … ik fielde gewoan in ynderlike twang om te skilderjen.
Aldergeloks is dy twang altyd bleaun. Foar jild haw ik net al te faak it pinsiel of tekenark yn ’e hân naam.… Lês fierder

Lomme Schokker

Beskûlgean

logo.ensafh

By beppe fielde ik my thús. Mocht graach en koe goed mei har prate.
‘Wat wer moai om mei dy te petearjen,’ sei se dan, as ik har hûs yn kaam.
No ja, sy koe goed mei my prate.
‘Och jonkje ju, moatst dy net drok meitsje … Sa slim is it net … As ien it kin, bisto it … Kinst folle mear as datst tinkst … Moatst gewoan dwáán en foaral gewóán dwaan … Hjir haw ik in koekje foar dy.’

Earste klasse Mulo. Tiisdeis en tongersdeis nei de pauze Frânsk fan Hospes, autoritêre pestkop sûnder ein. Nei elts proefwurk en skriftlike oerhearring boldere er, altyd wer ûnferwachts: ‘PENNEN NEER!’… Lês fierder

Anne Feddema

Preker

logo.ensafh

Alle dingen meitsje sa wurch, gjinien kin se allegear neame. It each rekket net útsjoen en it ear net útharke.

In stikmannich fan ’e jonges wie efkes sitten gean, in bytsje slûgje yn it sintsje. Yn ’e fierte klonken no en dan djippe dreunen ôfwiksele mei koart ratteljen fan automatysk gewearfjoer. Wurden klonken der net, der wie net ien dy’t der op dat stuit ferlet fan hie om wat te sizzen.
De measte fan ’e manlju om him hinne hienen bynammen krigen.
Dy keardel dêro wie ‘De Slachter’ om’t er in skoftke lyn, op it hiem fan in stikkensketten pleatske, ûnder begelieding fan ’e entûsjaste gjalpen fan keardels fol mei adrenaline de kop fan in libbene hin ôfbiten hie.… Lês fierder