Lomme Schokker

Trinus en de ayatollahs fan Teheran

logo.ensafh

In jier of seis lyn, op de dei dat ik definityf ôfsward waard as in ta leanslaaf makke baasbegeunstiger, siet ik jûns by myn ôfskiedsmiel njonken de frou fan ien fan myn âldkollega’s. Ik wist fan har bestean, koe har namme en skiednis, mar hie har noch nea troffen. Wylst op in bepaald momint alle oaren oan tafel sieten te harkjen nei de pias fan ús selskip dy’t aardich wat moppen op it kantsje ôf te ferkundigjen hie, sieten wy súntsjes te praten oer Iran en wêrom’t sy, delbûke fan tweintich jier besikings, úteinlik har lân út flechtsje moast. Se koe net oars.… Lês fierder

Duo von Däniken

Tusken de wurden: Arno Brok as dichter

logo.ensafh

Klaas Looper (broer fan Bert), presintator fan it literêre programma Tusken de wurden lit him diskear ferfange troch syn oare broer: Piet. Klaas hat in lytse burn-out.

It is in hiele bysûndere útstjoering wurden, want Piet hat in petear mei Kommissaris fan de Kening Arno Brok oer syn debútbondel Fryske Forteks. Dizze bondel wurdt troch kenners heech ynskatten, en liket in kânshawwer te wêzen foar de Gysbert Japixpriis.

Klik op de foto foar it petear.

 … Lês fierder

Cornelis van der Wal

Mingd Nijs (3): koppen rôlje litte

logo.ensafh

Wa makket tsjintwurdich de koppen by de Ljouwerter Krante? It liket der op as wurdt it útbestege oan yntellektueel minder bejeftigen dy’t net sa op ‘e hichte binne fan it Frysk en de Fryske literatuer, om it mar swak út te drukken. Twa foarbylden: ‘Obe Postma Selskip werkt aan visie op landschap: ‘Nei hokker lânskip sjogge ús lytsbern in 2050? Sille sy sizze: goed dien of dochs net?’

Soe it nommele Obe Postma Selskip net witte dat it wurd ‘lytsbern’ yn it Frysk net bestiet? It is: ‘bernsbern, pake- en beppesizzer, pake- of beppesizzer, pakesizzer, beppesizzer’, neffens Frysker.

En dat wie der noch in artikel oer de Rely Jorritsmapriis 2022 fan Jacob Haagsma mei de folgjende kop: ‘Rely Jorritsma Fûns bekroant fjouwer ferhaleskriuwers en likefolle dichters, dy’t 1000 euro de man riker wurde.… Lês fierder

Anne Feddema

De strideraasje mei mysels

logo.ensafh

No ja…strideraasje, it falt ek noch wol in bytsje ta, hear. (knypeagjende smiley)

It is net sa dat myn ynderlik oan it fjochtsjen is mei my as in Jakob mei de ingel … ik bedoel mar: myn broer spilet gjin rol fan betsjutting yn dit stik…grapke foar de goed ûnderleine, âldtestamintyske firtuoas.

It hat mear mei it kreative (ik haatsje dit wurd) proses te krijen … de wrakseling tusken deistige realiteit en it werklik op dat stuit meitsjen fan eat (ik sil it mei opsetsin gjin keunst neame want by eintsjebeslút haw ik dêr neat oer te sizzen).

Ik bin immen dy’t jimmeroan op ’e tiid op syn ôfspraken is … neffens guon bin ik sels gauris té betiid.Lês fierder

Teake Oppewal

‘De Reade Boarre’ in feest foar de Fryske lêzer

logo.ensafh

By Tresoar binne 78-toereplate-opnamen fan allerhanne soarten sprutsen Frysk út 1927 digitalisearre. Syds Wiersma en Jelske Dykstra fertelle op Omrop Fryslân fan 6 septimber okkerdeis dat je oan de opnamen moai beharkje kinne hoe’t it Frysk yn hûndert jier feroare is.

Frysk fan âlde generaasje
No, dat it Frysk feroaret kinne je ek ôflêze út Trinus Riemersma syn grut wurk De Reade Boarre. Bij útjouwerij Wijdemeer ferskynde op 22 oktober in werútjefte yn de gongbere stavering en binnen de grinzen fan de akseptearre dialektfariaasje, byinoar oantsjut as Standertfrysk. Sa is it ornearre foar alle boeren, boargers en bûtenlju fan de Fryske Literêre Republyk.… Lês fierder

Anne Feddema

Peintre maudit

logo.ensafh

It kafee, dêr’t de literêre gearkomste wie, siet lang net fol. Oan in grutte tafel sieten wol in stikmannich minsken, dat moasten hast wol dichters en skriuwers wêze. Gjalt de Bruin seach nei it taferiel nammers mear mei it each fan in goed yn ’e byldzjende keunsten ynfierde skilder. Wat er foar him seach, die him tinken oan ‘la última cena’, yn dit spesifike gefal ek werklik oan de fersy fan it renêssânse-sjeny Leonardo da Vinci. It lêste jûnsmiel…Jezus siet fansels yn ’e midden, in man mei in frijwat plodsk antlit dy’t, op it stuit ien fan ’e ferneamde gehakballen fan it kafee oan it fuortwurkjen wie.… Lês fierder

Gerrit de Vries

Ik

logo.ensafh

 

 

 

Ik

wa bin ik
ik bin in oar
efter myn ferhaal ik
wit tsjin better leauwen yn

foar mysels it allerbelangrykste
ik wie der fan it begjin ôf by
de iennichste dy’t altyd by my bliuwt
en libbenslang nea fuortgean sil

ik bin gjin fariabele
mar in konstante

ik bin ta mysels feroardiele
ik bin myn eigen finzene
en myn sipier
dan de ien dan de oar

ik bin gjin konstante
mar in fariabele

ik bin in kameleon
yn oare wrâlden fersjit ik fan kleur
wylst ik yn in einleas universum libje
is myn wrâldsje tige lyts

ik bin in fisk yn in kom
minsken en dingen dy’t dêrbûten binne
sjoch ik ferfoarme
troch in fergrutglês hinne

ik bin yn god syn djipste tinzen
in tinkende karbonade bin ik
in antyteze
of in paradoks

ik haw in antwurd
mar wit de fraach net

ik bin immen dy’t
fiif minuten foar slutingstiid
oankomt wolkom of net
altyd te let

ik bin gjin aperityf
mar in superlatyf

ik hoech mysels net te sykjen
want ik bin mysels net kwyt
ik stim ôf op it universum
en krij allinich testbyld

Ik bin it lêste puzzelstikje
dat oerbliuwt

krekt net past… Lês fierder