
Wy wurde berne om te stjerren
Tekst: Hindrik Wiebe Rinzema & Geart Tigchelaar
Yllustraasje: Hindrik Wiebe Rinzema
Wy wurde berne om te stjerren
Tekst: Hindrik Wiebe Rinzema & Geart Tigchelaar
Yllustraasje: Hindrik Wiebe Rinzema
Hidde Boersma komt nei syn poëzijdebút De rop om Doede, dêr’t benammen it lyknammige gedicht in soad bekendheid fan krigen hat, no mei in ferhalebondel. It Doedeisme dêr’t De rop om Doede yn persoanifisearre wurdt, krijt alhiel syn gerak yn Fol túch de mist yn.
It Doedeisme is sa’t de achterkant fan it boek fermeldt: ‘de filosofy fan libje folút: nim dyn gemak.’ It kredo ‘wêrom net?’ is de ik-persoan op de lippen bestoarn. Mei sa’n libbensynstelling kinne je mei fol túch de mist yn, sa’t de titel al oanjout. Mei oare wurden, je sjogge wol wêr’t it skip strânet, en fan dêrút sjogge je wol wer fierder.… Lês fierder
“Tiid hielet alle wûnen,” mar in pleister wol ek gauris fertuten dwaan.
Tekst: Hindrik Wiebe Rinzema & Geart Tigchelaar
Yllústraasje: Hindrik Wiebe Rinzema… Lês fierder
de natuer krijt in stim
stilswijend sprekt sy op
earst mei snie en iis
kringt ús werom
wy ha it sizzenskip
lang noch net
ûnfoarsisber de wetterweach
populaasje skriemt ferslein
wat miene wy wol
net mear útfleane kinne
loft teheistere troch fjoer en jiske
technyk natuer wint it
har stim
is ús rem… Lês fierder
herinnerst dy dy beam
yn ’t lân achter hûs
mei touwen en in planke
skommelen w’ de simmer lang
âlder waarden wy
it boartsjen waard tútsjen
wy fersprutsen mekoar
tûken hongen djip oer
ús beskûl yn elkoar
triennen yn fjouwer eagen
nijbou easke omseagjen
leechte follet it fermiste
de tins bliuwt hingjen
yn ’e swietens fan it lok
herinnerje dy… sa ek my… Lês fierder
foarmjend draait it klútsje
dyn weakens lit ’m knipe
krijst de namme
sa’t ik dy hjit
ûnder myn hannen krijst stal
al draaiend befingerjend
klútsje klaai nei myn byld
mei de goede oanpak en dosearring
rûnens en kontoeren sichtber
hjittens fan ûne feriviget dy
kuollest myn tins ta wierens… Lês fierder