
Yn in feesttinte dêr’t suver elkenien inoar wol ken, stean ik yn ’e midden njonken de sintrale skraachpeal. Om my hinne stiet it folk yn groepkes te drinken fan de rûntsjes bier en fris dy’t de lju om beurten by de bar ophelje. Ik kin hjir gjin mins, allinne myn maat Sneek Vertelt. Hy stiet op it poadium en spilet basgitaar yn de band dy’t bûten him bestiet út jonges út dizze nuveraardige krite, It Bilt. It folk om my hinne – yn ’t hert sa njonkenlytsen Frysk as bûter, brea en griene tsiis – is it neiteam fan Hollânske foarâlden dy’t hjir yn de sechtjinde ieu hinne kamen om it lêste stikje Middelsee yn te polderjen.… Lês fierder