
… Lês fierderWa’t tiid net brûkt, ‘dy’t tiid ûntgliidt, ûntfljocht, ûntdûkt’, men wurdt se kwyt
(Wize: si c’est pour mon pucelage.)Ljeafke, lit ús sobje en sabje
wylst it ús mûlket, lumet en lêst,
dat is ommers fierwei bêst.
Lit se gnoarje en ús belabje,
waans fjoer waard ta jiske en tar.
Alle dwaan hat tiid en bar.Sinne en moanne rize en dûke,
simmer, winter, foarjier, hjerst
einje en libje alwer as earst.
Tutelke, as we ús tiid net brûke,
no’t se ús tsjinnet, rint se te ein:
en wa tilt wer de holle oerein?Paaierke, myn swiet fermeitsjen,
dy’t my himels swietheid jout:
jou my hûndert patkes, bout!