Frysk Bloed is in koart fideofilmke, makke troch Elmar Kuiper, dat mei oar wurk fan him jûns te sjen is op ’e ruten fan presintaasjeromte Caesuur yn Middelburg. Adres: Lange Noordstraat 67. Op 22 desimber wurdt de eksposysje iepene en it skouspul duorret oant en mei 12 jannewaris 2008.… Lês fierder
Kuiper. Elmar
Takomstmuzyk: bang programma
Dizze tekst is printe yn Farsk 100, in ienmalige papieren útjefte fan dit tydskrift. Dêrom stiet dy net hjir online.… Lês fierder
Testflecht
Dizze tekst is printe yn Farsk 100, in ienmalige papieren útjefte fan dit tydskrift. Dêrom stiet dy net hjir online.… Lês fierder
Minskewolf
Ik ha him sjoen op ’e heechste etaazje fan in wite winkel
Hy sloech routiid yn, rekkene fertriet djoer ôf
En ferluts fan pine
Ik ha him skade yn it lette ljocht
Yn in flau skynsel seach ik syn grauwe silhûet
Hy beslikke de poaten fan in dier
Yn ’e ploai en fêstberet slûpte hy de nachtbosk yn
It gûlen skuorde troch âlde dinnen
De knibbels knikten my
Ik kaam op it lûd ôf
En sette grutte eagen op
Foar my oer stie in minskewolf
Dinnenullen stutsen as prikboerdpylken
Yn ’e hûd fan it earme bist
As in sleine hûn krûpte hy op my ta
Hy gûlde; help my bêste man!… Lês fierder
Dinges
Dinges seach my ynkringend oan. Ik bin har namme even kwyt, dêrom neam ik har dinges. Ik liet de eagen gean oer dinges har boarsten. Dat die ik fan needs. Ik koe der nammentlik net oer as dinges my langer as twa tellen oanseach. Der bleau neat fan my oer. Dinges rûkte út har mûle, dat fûn ik in minpuntsje. De pluspunten moast ik ‘wol aardich’ fine. Ik koe net oars as beneam it sa. In hegere kwalifikaasje soe in mislediging wêze foar it ierdske wêzen dat dinges by einsluten ek wie.
DE FERPLICHTING MOAT DERÔF
Lyk as alle oaren moat ik de tiid deadzje.… Lês fierder