2015 wie in jubeljier foar Nanne Kalma (66) fan Burgum. Hy koe net allinne syn 50-jierrich jubileum as muzikant fiere: mei de troch him yn 1975 oprjochte Frysktalige folkgroep Irolt koe er ek in stikmannich útferkochte reunykonserten jaan. Boppedat kamen fan Irolt alle sân, tusken 1975 en 1985 ferskynde, elpees as cd út. Reden foar Omrop Fryslân-telefyzje om op 8 novimber 2015 in dokumintêre oer Nanne Kalma en ’e skiednis fan ‘syn’ groep Irolt (opdoekt yn 1987) út te stjoeren. Yn dy, fierder fakkundich makke, dokumintêre binne in pear wichtige ‘fasetten’ fan Nanne Kalma syn muzikantskip, lykas syn grut tal bydragen oan it Esperanto-lieterepertoire, ûnderbeljochte bleaun.… Lês fierder
Oosterhaven. Beart
In dynamyske syktocht
Sneontejûn 7 febrewaris 2015 gie yn ‘De Koornbeurs’ te Frjentsjer Wiebe Kaspers syn teaterprogramma ‘It Gouden Fjild’ yn premjêre. Yn dat programma, en op it hjir te besprekken cd-album Nei sa’n dei dat dêr as soundtrack by heart, ûndernimt de oarspronklik fan Jorwert ôfkomstige muzikant en lietsjesskriuwer in syktocht nei it eigen, noch jonge, ‘ik’.
‘Vijf sterren’
Wiebe Kaspers (24) krige ferline hjerst ynienen in soad media-omtinken, om’t er as begeliedend pianist letterlik in grutte rol spile yn Syb van der Ploeg en Gé Reinders har teaterfoarstelling ‘Van Pompeblêd tot Proemevlaai’, dêr’t dy mannen mei troch hiele Nederlân toerden. De Ljouwerter Krante skreau yn dat ferbân: ‘Syb van der Ploeg en Gé Reinders verdienen met deze voorstelling echt vier sterren, maar Wiebe Kaspers verdient er vijf’.… Lês fierder
De Fryske John Hiatt
Sjonger-lietsjesskriuwer Marcel Smit fan Burgum is in flugge learder! Dat docht bliken as men syn twadde album Mear muzyk, dat ein 2014 ferskynd is, in pear kear ôfspile hat. Op dy skiif hat er nammentlik omtinken jûn oan suver alle punten fan ‘krityk’ dy’t ik op 13 novimber 2011 op dit plak hie op syn debút-cd Muzyk.
Observator en ynterpretator
Boppe it neamde besprek út novimber 2011 stie as kop: ‘In perfekte titel’. Dy kop haw ik der yndertiid boppe set, om oan te jaan, dat it muzikale aspekt op Marcel Smit syn debút-album better fersoarge wie as it talich-tekstuele aspekt.… Lês fierder
Under de stôk opgroeid: Frysktalige popmuzyk anno 2014
Yn ’e hjerstfakânsje fan dit jier (13 o/m18 oktober) fierde Omrop Fryslân it earste lustrum fan ’e Fryske Muzykwike. It is fan ’t hjerst krekt twa kear sa ‘lang’ lyn, nammentlik tsien jier, dat ik de kopij ôfsleat foar myn boek De fûgel yn dy. 35 jier Fryske folk- en poplietteksten 1969-2004, dat yn 2005 ferskynde. It earste feit kin net los sjoen wurde fan it twadde.Yn dit artikel lis ik it ferbân út en jou ik de stân fan saken wer oangeande de Frysktalige popmuzyk anno 2014.
Minder PVV
Op moandei 30 augustus 2010, de middeis om 12.45 oere, skreau ik yn in e-mail oan Geert van Tuinen, Jan Ottevanger en Wim Brons fan Omrop Fryslân it folgjende: ‘Nei oanlieding fan ’e reaksjes dy’t ik hân haw op myn meidwaan oan it Sweedske radioprogramma oer Muzyk yn/út Fryslân dat op 25 july l.l.… Lês fierder
It hert iepen foar NNB
Oer in skoftsje kom ik op dit plak mei in artikel oer ‘The State of the Art’ wat de Frysktalige lichte muzyk anno 2014 oanbelanget. Ien grut ljochtpunt wol ik it no alfêst oer hawwe: de groep NNB fan Dronryp. Okkerdeis ferskynde it tredde album fan dy noch altyd jonge band: Tekene foar it Libben.
Fiifpersoans plus gasten
Dat is alwer de tredde folweardige cd fan NNB. Earder kamen út: Rock & Beuke! (2009) en Bjusterbaarlik hurd (2012). NNB is yndertiid begûn as trio, besteande út: Wilco Kingma (gitaar, banjo, mandoline, sang), Gosse Pieter de Vries (bas, sang) en Brend Kingma (drums), mar spilet no as fiifpersoansformaasje, om’t ek toetseniste/tinwistle-spylster Sarina Kingma en snarepoender Pieter Hoekstra in plak yn ’e besetting krigen hawwe.… Lês fierder
In miste kâns
In moai skoft lyn – oan ’e ein fan ’e foarige ieu, yn ’e tiid fan ‘Nobody’s Wife’, ‘It’s So Hard’ en ‘Sacrifice’, de grutte hits fan ’e Haachske rockdiva Anouk – skille Minke Adema fan ’e Lemmer my. Se frege wat oft se dwaan koe om mear út har sjongkarriêre te heljen. Om’t MINK, sa’t har artystenamme doe al wie, wat útstrieling oanbelange wol wat wei hie fan Anouk, en ‘wy’ sa’n stoer frouljuslûd yn it Frysk noch net hiene, haw ik har doe oanrikkemandearre om geandewei oer te skeakeljen op Frysktalich repertoire. No, goed fyftjin jier letter, leit er yn ’e winkels: Minke Adema har, tegearre mei Eelco Engelsma makke, earste Fryske cd (al hat dy noch wol in Ingelske titel) Sorry!.… Lês fierder
Ynspirearre fakmanskip
‘Yn de njoggentiger jierren gie elk wer syn eigen wei, al sieten Douwe en ik tegearre noch yn Piter’s Protters en spile Douwe wol ris in gitaarpartij yn op ien fan myn CD’s.’ Dat skriuwt trûbadoer Piter Wilkens yn it ‘Efteropwurd’ fan ’e titelleaze debút-cd fan ’e groep Diggelfjoer út 2002.
De neamde ‘Douwe’ is Douwe van der Werff fan Murns, hjoed de dei bekend as ‘Grize’, de manlike helte fan it duo Grytz & Grize, dêr’t koartlyn de cd Twa fan ferskynde.
Skiednis
Om it skiednisleske eefkes ôf te meitsjen: Diggelfjoer bestie yn 2002 út ’e multy-ynstrumintalisten Douwe van der Werff en Domien de Winter, mei Koos Keus op drums.… Lês fierder