Friduwih Riemersma

De boekekast

logo.ensafh

Fan in Billy, de Ikea-boekenkast dy’t alle studinten op har keamer hawwe, lei de ôfseage boppekant by it túch bûtendoar. Ut myn keukenrút op trije heech wei ûntduts ik fierderop in steapeltsje boeken. Ik bin der nei ta gien. By ús jildt it as in sosjale faux pas om boeken fuort te smiten. Dus dat ien de boppekant fan syn boekekast mei ynhâld en al op ‘e dyk goaid hie fassinearre my lykas in misdied; ik woe jizzelje en útfine hoe’t it safier kommen wie.

Op de trep nei ûnderen ta passearren my de senario’s. Boeken sammelje wie foarhinne foar rike minsken; earme minsken hienen tink ik allinnich in bibel en dy makke oare boeken oerstallich.… Lês fierder

Friduwih Riemersma

Boeken yn de trein

logo.ensafh

In freon hat foar op reis in e-reader kocht mei 4000 boeken. Hy is noait lang ûnderweis of fan hûs; it wie grif in ‘refuse to choose’-oanbieding west fan in online boekhannel. “Ja, in bulkoanskaf komt tiidslinend wifkjen foar, want, al is der software foar in persoanlike kar, it beslút hokker boek komt hielendal op josels oan,” rjochtfeardige de freon mei de e-reader syn yndifferinsje, “nammers lêze dogge jo allinnich.” Dochs liezen myn soan en ik tegearre yn de trein. Hy lies my stikjes foar út Tom Sharpe syn The Great Pursuit en ik him út myn bondel fan antyrealistyske filosofen.… Lês fierder

Friduwih Riemersma

Ik bin al delsketten

logo.ensafh

De buorman frege at ik foar syn skodoarteater in stikje skriuwe woe. It moast gean oer in ferneamde held fan my dy’t fan syn fuotstik foel. Dy hie ik net paraat. In oantinken oan sa’n ien like my tsjinstridich; ien hoedet syn sosjaal oansjen foar diskredyt troch te besykjen in fallen held út de histoarje te feien. Lykwols belove ik der oer nei te tinken. Myn puberale listke Favorite Manlju, yn de kategoryen Dea en Libben, soe einlik syn nut bewize kinne. It ferskynsel fan de heldeferearing wie miskien nijsgjirrich. Myn helden en harren ûntearing wienen inoar grif opfolge troch de jierren hinne, nei alle gedachten faak om deselde reden fan ûnfolsleinens.… Lês fierder