
Op de kop ôf in jier lyn siet ik jûns om healwei tsienen al in trije kertier as iennige yn Kafee Titus op ’e hoeke tsjinoer it âld kleaster midden tusken de gloaiïngs fan it Súd-Limboarchsk lânskip oan de taap mei T. te redendielen oer ûnder mear de mannichfâldige fertsjinsten fan de bruorren Anker dy’t blykber gauris yn dizze omkriten bivakkearren, doe’t der dochs noch twa oare gasten troch de doar waaiden.
De âldste hie in sturt yn ’t hier en in fealblau spikerjaske oan, de jongste in fierstente romme kolbert mei de kleur fan te faak reinige silysalpeter. Oars bin ik mei myn behyplik kleurûnderskiedingsfermogen net sa wei fan kleuren en alhiel net dy fan klean, mar T.… Lês fierder