Thøger Jensen, Geart Tigchelaar

Fiif ferhalen fan Thøger Jensen

logo.ensafh

Thøger Jensen – I vores familie kan vi ikke lide ubåde (Borgen, 1998)
Oersetting: Geart Tigchelaar

Hy hie ea in kolly hân

No hie syn mem har beklach wer dien oer har skoandochter. Hy hat nea wenne kinnen oan dy mem. Tajûn, it wie net de perfektste frou dy’t er foar himsels útsocht hie, mar it wie yn alle gefallen net oan jins mem om jin dat witte te litten. Se krige nea har nocht fan it kleien. Sa wie se bgl. ek net tefreden mei syn pensjoentegoed. Hja litte, dat wie hiel dúdlik.
As syn mem in hûn west hie, hie er har ôfsketten.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Koroanakrisis

logo.ensafh

Mei it pakje fan Bol.com yn ’e hannen rint er it hiem fan it hoekhûs op. Hy docht dit wurk no al sa lang, mar alle kearen is er wach op de mooglikheid dat earne ûnferwachte út it strewelleguod in hûn oandraven komt. Hy hat gjin hekel oan bisten, mar op bisten kinst nea alhiel oan, hat er fan thús út leard. Alle kearen tinkt er der efter oan dat minsken helte ûnbetrouberder binne. Benammen yn dizze nuvere tiden.
De situaasje doocht net hielendal, om’t er skoan wit dat frou M. Feenstra fan de Leeststrjitte nûmer 49 yn Waadwâld gjin hûn hat om’t dizze rûte al tsien jier lang syn fêste rûntsje is.… Lês fierder

Carsten René Nielsen, Geart Tigchelaar, Mette Norrie

Koroana / Corona

logo.ensafh

Koroana

Nim gjin stik hânsjippe
mei de stêd yn,
ear’t it in kreaze jurk oankrigen hat,
lit gjin wjerljocht sitten bliuwe
tusken dyn tosken,
as it tongeret,
en rin nea troch ’t park
mei ien oars as dysels
oan ’e riem.

Corona

Tag ikke et stykke håndsæbe
med i byen,
før det har fået en fin kjole på,
lad ikke et lyn blive siddende
mellem dine tænder,
når det tordner,
og gå aldrig tur i parken
med andre end dig selv
i snor.

Byldwurk: Mette Norrie

 … Lês fierder

Geart Tigchelaar

Relative romte

logo.ensafh

Dichter Geart Tigchelaar ûndernaam in fytsreis fan in moanne as fiif, seis troch Europa. Ditkear fytste er tegearre mei de faam. Hy wie fan doel om foar Ensafh yn alle lannen dêr’t hja kamen in proazagedicht te skriuwen. Hjirby de fjirtjinde, dy’t yn Roemenië skreaun is.

 

Foto: Geart Tigchelaat

Lês fierder