Lomme Schokker

Fakânsjeperikels

logo.ensafh

Dizze drûge en drege simmer gjin better plak as in pear wike útfanhúzje tusken de grouwe muorren fan in kleaster yn it Teutoburgerwald. De lêste tiid sitte my myn dreamen dwers, dy’t ik fan alle kanten ris goed beskôgje en beskikke wol. Dreamen dêr’t elk út myn fermidden fan fynt dat ik my der überhaupt net drok om meitsje moat. It hat neat om ’e hakken, sizze se, do makkest fan fearkes yn eigen eagen heule balken yn dy fan de minskheid. Ja duh, ik wol lekker sliepe kinne.

No’t de wissichheid begjint troch te kringen dat it mei my oer tsien of tweintich jier beslikke wêze sil, begjin ik mear en mear fan dy dingen te genietsjen dêr’t ik mei fertroud bin – myn moaiste boeken, foto’s, keunst, muzyk en foaral myn byinoar skarrele wysheden.… Lês fierder

Jelma Knol

Ypk fan der Fear: in nije yntroduksje op har wurk, sûnder podcast

logo.ensafh

Guon Fryske skriuwers hiene in grutte reputaasje doe’t se noch libben, mar der is hast gjinien mear dy’t se hjoeddedei noch lêst. Lipkje Post-Beuckens (1908-1984), as romanskriuwster bekend ûnder de namme Ypk fan der Fear en dichtsjend ûnder it pseudonym Ella Wassenaer is dêr in foarbyld fan.

Twa fan har omfangrike romans lykas Ta him dyn bigearte (1949), De breugeman komt (1953) binne destiids sels yn Nederlânske oersetting ferskynd en waarden lanlik goed besprutsen. Dat komt grif troch de nijsgjirrige godstsjinstige en eroatyske tematyk dy’t Ypk fan der Fear yn de Fryske literatuer yntrodusearre. De breugeman komt giet oer de earste minnistefroulju dy’t troch de 16de iuwske oerheid ferfolge waarden en is op histoaryske boarnen basearre.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Mingd Nijs (1): dramatysk

logo.ensafh

It tydskrift de Moanne hie yn de simmer fan 2022 yn gearwurking mei de Ljouwerter Krante in ynearsten nijsgjirrich lykjende searje publikaasjes: Dizze simmer publisearje de Leeuwarder Courant en literêr tydskrift de Moanne seis koarte ferhalen, lietteksten en gedichten fan oanstoarmjend Frysk skriuwtalint. De skriuwers bûgden har oer it tema ‘de kleau – de kloof’.’
Lit ik it mar net oar de kwaliteit fan de teksten hawwe, de skriuwers binne noch jong en kinne noch hiel wat byleare. Wat my al opfoel dat der frijwol gjin Frysk skreaun waard troch dizze ‘oanstoarmjende talinten’. Allinnich de nijsgjirrige Amerikaanske ymport-Fries Preston Losack hat it Frysk brûkt yn syn spoken word foardracht.… Lês fierder

Duo von Däniken

De Upstalbeam, fan Ate Vriezema

logo.ensafh

Ate Vriezema, jim kenne him fansels allegearre as dichter, is in nije artistike wei ynslein.

Vriezema ûnduts yn 2019 in âld midsieusk manuskript op ‘e rommelmerk fan Aldsyl. De oant no ta ûnbekende lieten út dit manuskript hat Vriezema op muzyk setten. Hy wurdt begelaat troch Fryntsje Hibma op in Noardske Balke (in âld snaarynstumint) en Elske Schootstra op perkusje.

De opname komt fan de Omrop.

Klik op de tekening fan Vriezema foar de muzyk.

Lês fierder

Anne Feddema

C. Buddingh’

logo.ensafh

 

 

Bin yn Bremen
Haw eat by ALDI kocht
Ik freegje by alle supers
ALDI, LIDL, NETTO, EDEKA,
Dútsk kapitaal,
Om it kassabontsje
Ea koest dêr op’e efterkant
Moai fersen op skriuwe
Das war einmal
Ekoblauwe papierkes
Folle mei ekotekst
Gjin plak foar prakkesaasjes

Faaks wolle jimme witte
Wat hat dy Feddema no kocht?
SA late to go € 1,89
nachla SS € 0,49
Dútske kapitalen dus.… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

Slingerdûns

logo.ensafh

 

 

liet my ferlokje ta in slingerdûns
mei jongfolk en fammeguod
ik stapte oer de foet tebek
en hink honk stikken de boppeskonk

dat ik moat it rinnen wer leare
elke stap sil my beseare
oermoedich liet ik my flaaie
kom dan pake krom

mij it kontakt mei de flier
mei rollator en rolstoel dûnsje
los fan de hurde flier… Lês fierder