Geart Tigchelaar

Dwatte yn ’e djipten

logo.ensafh

Koate wurdt wekker en rekt him ris goed út. Hy hat goed sliept fannacht, al snoarke Dwatte no en dan wol lûdroftich. Mar dêr is er sa stadichoan aardich oan wend en dat kin syn nachtrêst net folle mear ûnderbrekke. Wat moat er no hjoed werris by de ein ha? Hy kin wol begjinne mei it ynspektearjen fan de groep, as elkenien der noch wol is en as der net in nijenien bykommen is. Dat bart de lêste tiid oars wol folle faker en hy kin net sizze dat it him noasket. Dan is der minder iten foar elk, want de basisregel bliuwt wol dat se alles earlik parte moatte.… Lês fierder