Anne Feddema

Troch eagen út El Fayoum besjoen

logo.ensafh

Paula Modersohn-Becker yn Museum Belvédère

 

PMB 001
Selsportret
Oaljeferve op karton
28,2 x 23 sm (sa. 1898)
Kolleksje Kunsthalle Bremen

Jo moatte net freegje wat in goed skilderij foar jo dwaan kin, mar jo moatte freegje wat jo foar in goed skilderij dwaan kinne. Dat kin eins mar ien ding wêze… goed sjen! In oar antwurd bestiet gewoanwei net. En dan wol in bytsje langer as de ‘trochsneed’ njoggen sekonden, dy’t besikers fan ferskate musea oer it generaal tsjintwurdich troch skine te bringen foar in keunstwurk, sa as in wittenskiplik ûndersyk okkerdeis foar it ljocht brocht. De eagen moatte kontakt ta stân bringe tusken skilderij en hert en harsens (jins hiele wêzen).… Lês fierder

Anne Feddema

Shuttlebuske Krakau-Auschwitz-Birkenau. 1 febrewaris 2012

logo.ensafh

Fan Hostel nei Holocaust
Yn’e Shoah Shuttlebus
Optochte dichtershumor
It grut besuskjen
Is begûn, beswarder
De moedmage romjend
Rêchbekling mei ‘ tv ‘
Swier ferline yn it nije
Byldskermkes mei
Auschwitz DVD
Sjauffeur draait buske
Lofts rotonde op
Kampkamera draait nei rjochts
Wrâlden dy’t no ljochtjierren
Utelkoar skowe
Klean fan finzenen
Fertikalen op lyts byld
Bûten bjirken wyt yn
Swarte Poalske grûn
Ik sjoch twa foar ien
Klau ûnder klotske
Op keale kop
Skermkebyld no
Plôkberch hier
Kamera each zoomt yn
Buskefoljend hier
Nei ferbjusterjende frissel
Yn swart wyt sels Arysk blûn
Foar fertrek mei leafde boarstele
En frissele…je moatte kreas op paad

Yn Birkenau folgje myn eagen
Skilich treinspoar
Nei de hoarizon
It is -10…glûpendkâlde eastewyn
Mar it is wis gjin kjeld dy’t ik fiel
Sa lang ik net stjerre sil
Libbene frissel giselet myn siel.… Lês fierder

Anne Feddema

Dy blauwe perioade fan ’e simmer 1960

logo.ensafh

‘Se rûnen en rûnen mar troch en songen “Ivich oantinken”, en hieltyd as se ophâlden wie it krekt, as oft harren skonken, de hynders, de wynflappen, op harren eigen ritme trochgongen mei sjongen.’ (Dokter Zjivago)

De heit en mem fan Ate Zondervan rûnen senuweftich om it lytse wite Simcaatsje hinne. It wie simmer 1960, in strjitte yn in saneamde ‘bettere’, arbeidersbuert yn Ljouwert.

Heit en dus de famylje Zondervan wienen de earste yn ’e strjitte west mei in eigen wein. Dêr wie heit Pyt tige grutsk op… sýn pronkjuwiel op tsjillen. Fan syn gaadlik plakje ôf op ’e efterbank seach Ate, in goederlaakse, kreaze jonge fan goed fyftjin, mei in pear priemkjende brune eagen en in reade krollekop, nei syn âlden, dy’t wol wat wei hienen fan twa clowns yn in sirkus…

Aanst soenen se drok en yn panyk tsjin elkoar oprinne, om’t it autootsje yn ’e brân stie en út ’e brânspuit allinne mar kleure serpentines kamen.… Lês fierder