Giny Bastiaans

Nada te espante

logo.ensafh

Nei’t myn leave J. sân jier ferlyn ferstoarn wie, tocht ik wolris: No, dat wie it dus. Myn libben. It is al foarby. Sa mar ôfbrutsen. Yn dy dagen tocht ik ynienen oan in foarfal fan jierren lyn. It spile yn Lagos yn Nigeria, it lân dêr’t wy doe wennen. Op in jûn wienen J. en ik útnûge foar in diner by minsken út India. Yn in ûnbidich grut hûs, grôtfol gasten, genôch personiel. It wie in fleurich feest, hearlik iten, minsken yn kleurige klean. Tusken de gongen troch wie der tiid om efkes fan ’e stoel ôf.
Twa froulju kamen op my ta.… Lês fierder

Anne Feddema

Deade bisten

logo.ensafh

Okkerdeis lies ik yn ’e krante in stik oer minsken,dy’t, útkocht, nijbou ensfh., harren wente út moasten. Ien fan har fertelde dat der yn ’e tún fan it hûs ferskate bisten begroeven leine, in kat, hûn, goudfisk, en dat dat faaks noch wol it slimste fan de hiele saak wie. Doe moast ik tinke oan alle bisten, dy’t oant no ta, yn myn libben in rol spile hawwe en wêr’t hja bleaun binne. Bedobbe yn myn hert en ûnthâld.
Yn myn jeugd wie dêr de wite boarre ‘Tommie’ dy by eintsjebeslút wol in jier as achttjin wurden is. Op in stuit wie er in hiel skoft fuort, wy tochten dat wy him nea wer sjen soenen mar op in dei wie er der hookstrooks wer.… Lês fierder

Pier Boorsma

mûzen

logo.ensafh

 

 

bin ik fan de minsken ôf
sitte der mûzen yn myn bêd
froulju geane by mûzen
op in stoel stean
bang at se binne
dat de mûzen trochkringe
yn har geheime iepening
ik slút al myn yn- en útgongen ôf
dochs hawwe de mûzen
de hûd om myn ears hinne
oanfretten
de dokter seit
-hawwe jo homoseksuele kontakten ?
leare se dat ek al
oan dy netsjese fakulteit?
ik moat eksperimentearje
as ik it ljocht
de hiele nacht oanlit
it binne by einsluten
nachtbisten
as se in rotteferstân hiene
soe ik se ôfrjochtsje kinne
de miljeutsjinst konkludearret
de mûzen ite by de buorlju
en komme by my
foar de ferdivedaasje
ik fyn it allegear bêst
as ik mar net
mei hoech te dwaan… Lês fierder

Lomme Schokker

Under eigen eagen

logo.ensafh

Myn tinzen weromhelje, wurden meitsje. Trije saken dy’t der ta diene. Ien: der wie dat hûs, lang lyn, in hûs mei keamers sûnder siel. Twa: dat wy stil praten binne. Te lang al, ús swijen duorret sûnder ein. Trije: it behaachlik begryp dat alles mei-inoar ferbûn is. Sa moat it wêze, hat mei útwikseling fan enerzjy te meitsjen. Op elk mooglik nivo. Hoe kin ik dêrfan witte?

Keamers sûnder boeken, sa wie it. Yn it hiele hûs net in boek of idee, gjin oantinken of prakkesaasje te bekennen. Keal en kâld. Nee, net keal. Prachtich spul, djoer spul, treflik en mei smaak ynrjochte.… Lês fierder

Reinold van Oevering

cancel culture

logo.ensafh

 

 

in pear jier lyn
fûnen wy it grappich
ús kitten
Poetin te neamen

de namme paste by him,
it wie in lytse mar krigele boarre
en Poetin bekte lekker
by it roppen

in geskikte namme foar in kat,
tochten wy yn ús naïviteit

it wie in prachtbist
en wy wienen hiel wiis mei him,
mar op tongersdei 24 febrewaris 2022
seagen wy ús spitigernôch needsake
him nei it asyl te bringen… Lês fierder